Springe nei ynhâld

Nijntje

Ut Wikipedy
Stânbyld op Nijntjepleintsje.

Nijntje is in searje fan berneboeken oer it knine-famke Nijntje Pluis, skreaun en tekene troch Dick Bruna.

Yn 1955, wylst it gesin Bruna yn Egmond oan See mei fakânsje wie, tekene Dick Bruna Nijntje foar it earst. Hy waard ynspirearre troch it boartersknyn dêr't syn ien jier âlde jonkje mei boarte en de libbene kninen dy't er sels as bern hân hie. Dat jier kaam it earste Nijntjeboek út, yn it Nederlânsk, nei in ferhaal dat Dick Bruna syn jonkje ferteld hie. En nei dat earste boekje kamen der mear. Yn it begjin wie Nijntje noch wat boartersknyneftich, mar sûnt 1963 is se op 'e nij tekene sa't se no noch is. Yn it Nederlânsk binne der no mear as 25 boeken oer Nijntje.

Nijntje wurdt hiel ienfâldich tekene, mei in pear linen en ien of twa basiskleuren. It hat wol wat wei fan de kleare line, de tekenstyl dy't Hergé introdusearre hat. De tekenstyl fan it Japanske figuerke Hello Kitty liket in soad op dy fan Dick Bruna. Om't ek Nijntje tige populêr is yn Japan, binne der wolris minsken dy't tinke dat Nijntje dêr ek wei komt.

In Nijntjeboek hat fjouwerentweintich siden, mei op eltse rjochterside in tekening en op eltse lofterside fjouwer fersrigels, yn in dúdlike, dikke letter en sûnder haadletters. De boeken wurde mei sin drukt yn in lyts formaat, 15 x 15 sm, om't Dick Bruna it wichtich fynt dat de bern fiele kinne dat de boekjes foar har makke binne, net foar harren âlden.

Nijntje yn oare talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ek boeken in ferskate oare talen. Utjouwerij Bornmeer jout Fryske Nijntje-boeken út. Yn it Frysk hat Nijntje har Hollânske namme holden. Dat is oars yn oare talen. Yn hast alle oare talen hjit se Miffy. De stêd New York hat Miffy ambassadrise foar gesinstoerisme makke. Der is ek in Latynsk boekje ferskynd, dêr't se Miffa yn hjit. Twa fan de boekjes binne ek yn brailleskrift skreaun.

Bornmeer bringt fierders oersettings út yn in ferskaat oan streektalen yn Nederlân en Flaanderen. Sa binne der Nijntje-oersettings ferskynd yn it Achterhoeksk (Achterhooks), Amsterdamsk (Mokums), Antwerpsk (Aantwaarps), Brabânsk (Brabants), Drintsk (Dreins), Grinslânsk (Grunnegers), Groesbeeksk (Gruusbèks), Haachsk (Haags), Leisk (Leis), Maastrichtsk (Mestreechs), Nimweechsk (Nimweegs), Rotterdamsk (Rotjeknors), Siuwsk (Zeêuws), Spakenburchsk (Spaokeburgs), Stellingwerfsk (Stellingwarfs), Twintsk (Tweants), Utertersk (Utregs) en Westfrysk (Westfries). Fierders is der in oersetting ferskynd yn it Papiamintysk fan 'e Antillen, en yn 2018 waard der in earste oersetting yn it Ljouwertersk (Leewaddes) útbrocht. Ein septimber 2018 kaam in boekje út 'e Nijntje-rige út yn it Biltsk, yn in oersetting fan 'e hân fan Sytse Hotzes Buwalda en Leendert Ferwerda.[1] Mids oktober 2019 folge in boekje yn it Hylpersk, oerset troch Tineke Blom,[2] en yn septimber 2020 ferskynde in earste boekje út 'e rige yn it Frjentsjertersk, oerset troch Wim Aalbers fan it Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk.[3]

  • Nijntje is no ek op tillefyzje, en der hawwe ek twa Nijntje musikals west.
  • Njonken boeken, fideo's, CD-ROMs, en DVD's fan Nijntje, binne der ek allerhanne gebrûksfoarwerpen, klean en boartersguod mei Nijntje.
  • Yn 1996 krige Dick Bruna foar nijntje in de tent in sulveren pinsiel, en yn 1997 foar lieve oma pluis in sulveren griffel.
  • De bertestêd en wenstêd fan Bruna, Utert, hat in Nijntjepleintsje, mei in byld fan Nijntje. It byld is yn 1994 makke troch Marc Bruna.
  • Doe't Nijntje yn 2000 45 jier âld waard krige se safolle post dat se yn it Guinness Book of Records opnaam waard foar measte post ûntfongen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, Boek over Nijntje nu ook in het Bidts, yn: de Ljouwerter Krante, 19 septimber 2018, s. 33.
  2. Oenema, Rixt, Altijd knokken voor het Hylpers, yn: de Ljouwerter Krante, 19 oktober 2019, s. 3.
  3. ——, Nijntje in ut Franekers!, yn: van Wad tot Stad, 8 septimber 2020, s. 3.