Mo Yan
Mo Yan (yn it Mandarynsk: 莫言) (17 febrewaris 1955) is in Sineesk skriuwer dy't yn it westen fral bekendheid krige troch twa fan syn romans dy't de basis foarmje fan de film It reade nôtfjild. Syn wurk is oerset yn in soad talen. Yn 2012 krige Mo Yan de Nobelpriis foar de Literatuer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mo Yan waard berne yn in lânbouhúshâlding yn it Gaomi-distrikt yn de provinsje Shandong fan Sina. Hy ferliet de skoalle tidens de Kulturele revolúsje om te wurkjen yn in oaljeferwurkjend fabryk. Yn 'e âldens fan tweintich jier waard er soldaat fan it Folksbefrijingsleger. Yn 1981 begûn er te skriuwen wylst er noch tsjinne as soldaat. Trije jier letter waard er learaar oan de ôfdieling literatuer fan de Kulturele Akademy fan it leger.
Pseudonym
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]"Mo Yan", dat yn it Sineesk "praat net" betsjut, is in pseudonym. Syn echte namme is Guan Moye (管谟业). Mo Yan hat ferklearre dat er dy auteursnamme keas doe't er syn earste roman skreau om himsels yn it sin te bringen om net te folle te sizzen, omdat yn Sina iepenens net wurdearre wurdt.
Styl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mo Yans wurken binne benammen in foarm fan sosjaal kommentaar. Hy wurdt sterk beynfloede troch de politike krityk fan Lu Xun en it magysk realisme fan Gabriel Garcia Marquez. Mei help fan skitterjende, komplekse en faak grafyske gewelddiedige bylden slagget it Mo Yan de lêzer yn de kaleidoskopyske universums fan syn ferhalen te loadsjen. In protte fan syn ferhalen spylje har ôf yn 'e omkriten syn berteplak Gaomi yn de provinsje Shandong.
Mo Yan is tige produktyf: hy skreau syn roman Libben en dea putsje my út (Sineesk: 生死疲劳) yn mar 43 dagen. Ma Yan hat tsientallen koarte ferhalen en romans publisearre.
Underskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1998: Neustadt Ynternasjonale Priis foar Literatuer, kandidaat
- 2005: Kiriyama Prize, Opmerklike Boeken, foar Grutte boarsten, brede heupen
- 2006: Fukuoka Asiatyske Kultuerpriis XVII
- 2007: Man Asian Literary Prize, in folmacht, foar Grutte boarsten, brede heupen
- 2009: Newman Priis foar Sineeske literatuer, winner, foar Libben en dea putsje my út
- 2010: Modern Language Association, earelid
- 2011: Mao Dun Literatuerpriis, winner, mei de roman Kikkerts
- 2012: Nobelpriis foar de Literatuer, winner
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Portret fan Mo Yan yn NRC Handelsblad
- Fraachpetear mei Mo Yan yn de Volkskrant
- Mo Yan's Nederlânske oersetter oer syn wurk