Springe nei ynhâld

Marije-Bertetsjerke (Nizjni Novgorod)

Ut Wikipedy
Marije-Bertetsjerke

Рождественская церковь

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Nizjni Novgorod
adres Rozjdestvenskaja Ul. 34a
koördinaten 56° 19' N 43° 59' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Nizjni Novogorod
patroanhillige Marije)
Arsjitektuer
boujier 1696-1719
boustyl Stroganovbarok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 521420313170006
Webside
tsjerke op de side fan 'e eparchy
Kaart
Marije-Bertetsjerke (Nizjni Novgorod)
Marije-Bertetsjerke

De Marije-Bertetsjerke, bekender ûnder de namme Stroganov-tsjerke of Rozjdestvenskaja-tsjerke (Рождественская церковь), is in Russysk-otterdokse tsjerke yn Nizjni Novgorod. De barokke tsjerke waard tusken 1696 en 1719 boud op kosten fan 'e keapman Grigori Dmitrejevitsj Stroganov. It is ien fan 'e moaiste foarbylden fan 'e nei de keapman ferneamde barokke styl en de tsjerke is in monumint fan federaal belang.

De bou fan 'e tsjerke sette yn 1696 útein yn opdracht fan de ûnbidich rike keapman Grigori Stroganov. Doe't de bou yn 1701 al in hiel stik eine wie, soarge in brân foar opûnthâld. De ynwijing fûn lang om let yn 1719 plak troch de aartsbiskop fan Nizjni Novgorod. Letter hawwe der noch mear brannen west (1768, 1782 en 1788).

Ynearsten stie de klokketoer frij fan 'e tsjerke, mar letter is der in oerdekte gong tusken de toer en de tsjerke boud. Alde ôfbylden litte oarspronklik griene koepels sjen, mar yn de 19e iuw binne dy ferfongen troch de op de Moskouse Basiliuskatedraal ynspirearre koepels. Ramen, portalen en pylders hawwe allegear tige rike kalkstiennen dekoraasjes. Yn 'e jierren 1860 wie de klokketoer sa út it lead rekke, dat de boppeste ferdjippings ôfbrutsen en op ' nij boud wurde moasten

Yn 1913 waard de tsjerke hielendal restaurearre.

De tsjerke nei de revolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn de jierren 1930 fan 'e bolsjewiken sletten en foar ôfbraak nominearre. In lokale preester koe dat mei histoaryske dokuminten, ôfbylden en in lêzing op it kantoar fan de autoriteiten tefoarren komme troch te wizen de kulturele wearde fan de tsjerke as in monumint fan de Stroganovbarok. Ynstee fan sloop waard it gebou in 'Museum fan Religy en Atéisme', wylst de lieding fan it museum yn hannen kaam fan de preester. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it gebou brûkt as apteek en dêrnei as pakhûs.

Op 3 juny 1993 waard de tsjerke op 'e nij yn gebrûk nommen troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Fan 'e oarspronklik 46 ikoanen dy't de tsjerke besiet, binne der 43 bewarre bleaun. Op 23 juny 2008 oerhannige Vladimir Pûtin in wichtich ikoan oan it bisdom, de saneamde Ferrizenis-ikoan. De ikoan wie earder yn 2004 út de katedraal stellen en kaam nei't in Estske samler de ikoan oankocht nei Ruslân werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Рождественская церковь (Нижний Новгород)