Lytse eksterspjocht
lytse eksterspjocht | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dryobates minor | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast (Jutlân) |
De lytse eksterspjocht (Dryobates minor, oant 2015 algemien as Dendrocopos minor) is in fûgel út 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae). It is yn syn ferspriedingsgebiet in stânfûgel. De lytse eksterspjocht libbet yn bosk en yt meast larven, luzeguod en oare wringeleaze dierkes.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse eksterspjocht is de lytste spjocht yn in grut part fan syn ferspriedingsgebiet, ynklusyf Europa. De fûgel is 14 oant 16 sm lang en hat in spanwiidte fan 25 oant 27 sm. Snaffel en poatsjes binne griis en de iris is kastanjebrún. De fearren op it boppebealchje binne foar it measte swart en oan 'e ûnderkant wyt mei skiere donkere streekjes. De wjukken binne oan 'e boppekant bandearre mei brede, wite banen. De swarte ûnderrêch hat smellere wite banen. Ek de sturt is wyt bandearre. Lykas de measte spjochten hat de lytse eksterspjocht in stribbelige sturt, dy't it fûgeltsje by it klimmen helpt. Tusken de snaffel oant healwei de nekke rint in swarte burdstreek. De foarholle is wyt, faak ek wat gieleftich. Wat it kopke oanbelanget hat de soarte in dúdlike seksuele dimorfy. It read fan 'e krún fan it mantsje wurdt oan 'e sydkanten ôfset mei in swarte streek. De krún fan it wyfke hat gjin read en is dêr hielendal swart.
In jong mantsje hat op 'e foarste helte fan 'e kroan in rôze flek. By jonge wyfkes hat dat diel grize of donkere flekken.
Underskied
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse eksterspjocht liket in soad op 'e ek by ús lânseigen eksterspjocht (Dendrocoptes medius) of de grutte eksterspjocht (Dendrocopos major), mar is folle lytser. Dêrnjonken hawwe de twa gruttere soarten wite skouderflekken. Ek ha dy in rôze of reade anaalstreek, dy't by de lytse eksterspjocht hielendal wyt is.
De wytstreekspjocht (Dendrocopos leucotos) hat lykas de lytse eksterspjocht in swart-wyt bandearre boppeside, mar hy is dúdlik grutter en hat in reade anaalstreek. Yn it easten fan it ferspriedingsgebiet fan 'e lytse eksterspjocht komt in soarte foar, dy't ek in soad op 'e lytse eksterspjocht liket. Dat is de griiskapspjocht (Yungipicus canicapillus), dy't fral yn 'e koptekening en it fearrekleed oan 'e ûnderkant fan 'e lytse eksterspjocht ferskilt.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse eksterspjocht hat wat hâlden en dragen oanbelanget in soad fan 'e grutte eksterspjocht. Ek de weagjende flecht fan 'e fûgels hawwe in soad fan inoar. De lytse eksterspjocht libbet foar it grutste part yn 'e hegere beamlagen. Nachts slept er yn âlde nestholtes.
De fûgel mei it leafst oer leafbosken en boreale bosken, mar komt likegoed ek wol yn parken en oare types bosk foar. Ek yn produksjebosk wit de fûgel him goed te rêden, as der teminsten genôch folwoeksen en deade beammen steane.
Lûd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sawol it mantsje as it wyfke roffelje, mar it mantsje docht dat faker. De roffel is it hiele jier te hearren, mar it measte yn 'e baltstiid. De roffel hat in heech en lykmjittich tempo, meastentiids wurde yn ien of twa tellen sa'n 20 oant 30 slaggen makke. As soks op in tinne, drûge tûke bart, dan jout dat in typysk heech, ratteljend lûd. Typysk foar it fûgeltsje binne ek de twa flugge roffelsearjes, dy't er regelmjittich hearre lit. Dy searjes wurde fuort efter inoar makke, krekt as stûket it wat.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse eksterspjocht yt fral bledluzen, rûpen, spinnen, krobben en lytse kevers. Bytiden yt er ek plantaardich iten, lykas beikes. Hy siket syn iten fral yn 'e hegere beamlagen. Hy kin al oan tinne tûkjes hingje, wylst er nei it iten siket. As er larven siket slacht er mei de snaffel stikken út fermôge hout. Oan 'e houtsnypsels ûnder de beam witte de behearders fan bosk dat der wolris keverlarven yn 'e boppeste tûken sitte. Ek komt de lytse eksterspjocht wol op fuortafels.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse eksterspjocht briedt fan maart oant augustus. Yn in grut part fan Europa wurde de aaien ein april oant begjin maaie lein, wylst yn Noard-Afrika en Skandinaavje dêr trije wiken letter mei útein set wurdt.
Yn 'e regel kiest de lytse eksterspjocht dea hout út om in holte út te hakken. Somtiden wurdt in âld nêst of in natuerlike holte brûkt. It fleangat sit op in hichte fan 10 oant 20 meter en hat in diameter fan likernôch 3 oant 3,5 sm. In skacht fan somtiden wol 30 sm lang ferbynt it fleangat mei de nêstholte, dat 10 oant 18 sm djip is en mei fyn seachsel belein is.
Der wurde fjouwer oant sân glânzgjende wite aaikes lein fan likernôch 19 by 14,5 mm. De aaikes wurde yn alve oant tolve dagen troch beide âlden ûtbret. Nei 18 oant 20 dagen fleane de jonge fûgels út. In pearke bringt ienris yn 't jier in lechsel grut, mar it komt faak foar dat in wyfkes mei twa mantsjes peart en twa lechsels produsearret.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse eksterspjocht komt yn it grutste part fan Europa en yn in grut diel fan it Palearktysk gebiet foar. De beamgrins boppe de taiga is ek de grins fan syn ferspriedingsgebiet. Yn Noard-Afrika komt de fûgel yn Tuneezje en Algerije foar. Yn Aazje rikket it ferspriedingsgebiet oant Japan en Kamtsjatka.
Hast oeral is de lytse eksterspjocht in stânfûgel, mar in pear popelaasjes yn it noarden fan Skandinaavje oerwinterje yn it easten fan Jutlân en it noarden fan Dútslân.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet. Yn 2015 rûsde Birdlife International it tal briedpearkes op 491.000-1.050.000. Hast de helte dêrfan libbet yn Europa. Of de hiele popelaasje fan 'e fûgelsoarte ta- of ôfnimt is net bekend. Fanwegen it grutte ferspriedingsgebiet wurdt de fûgel as net bedrige klasifissearre op 'e Reade list fan IUCN.
Yn Nederlân komt de fûgel fral yn 'e eastlike helte en yn it suden foar, it meast yn boskrike gebieten. It mear natuerlike boskbehear, wertroch mear dea hout bliuwt stean, holp de popelaasje fan 'e lytse eksterspjocht yn Nederlân tusken 1990 en 2002 te ferdûbeljen en sûnt is de Nederlânske popelaasje noch grutter woarn. It tal pearkes wurdt troch SOVON yn 'e perioade 2018-2020 op 5800-7500 rûsd. Winterdeis binne der mear fûgels. Yn Fryslân docht de fûgel it goed yn it easten en súdeasten fan 'e provinsje en Gaasterlân.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 troch Carolus Linnaeus as Picus minor publisearre. Minor is Latyn foar 'lytser' of 'de lytsere'. De Dútske biolooch Carl Ludwig Koch sette de lytse eksterspjocht yn 1816 yn it skaai Dendrocopos. Yn 2015 waard de soarte yn it skaai Dryobates set. De krekte klassearing fan 'e ûnderfamylje fan echte spjochten is lykwols noch in kwestje fan striid. In pear taksonomyske autoriteiten hâlde noch fêst oan 'e wittenskiplike namme Dendrocopos minor.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 13 ûndersoarten, wêrfan guon dúdlik ferskille fan 'e nominaatûndersoarte. De ferskillen ûnderling hawwe fral te meitsjen mei it formaat en de tekening fan it fearrekleed, benammen de koptekening.
- D. m. minor – fan Skandinaavje en noardeastlik Poalen oant de Oeral.
- D. m. comminutus (Hartert, 1907) – Ingelân en Wales.
- D. m. kamtschatkensis (Malherbe, 1860) – fan 'e Oeral oant de See fan Ochotsk en noardlik Mongoalje.
- D. m. immaculatus (Stejneger, 1884) – Anadyrplato en Kamtsjatka.
- D. m. amurensis (Buturlin, 1908) – noardeastlik Sina, Sibearje, Koreä en Hokkaido.
- D. m. hortorum (C.L. Brehm, 1831) – Sintraal-Europa.
- D. m. buturlini Hartert, 1912 – Súd-Europa.
- D. m. danfordi (Hargitt, 1883) – Sintraal en eastlik Grikelân en Turkije.
- D. m. colchicus (Buturlin, 1908) – de Kaukasus en Transkaukaazje.
- D. m. quadrifasciatus (Radde, 1884) – súdeastlik Azerbeidzjan.
- D. m. hyrcanus (Zarudny & Bilkevitch, 1913) – noardelik Iran.
- D. m. morgani (Zarudny & Loudon, 1904) – súdwestlik Iran.
- D. m. ledouci (Malherbe, 1855) – noadwestlik Afrika.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Kleine bonte specht (ferzje fan 5 jannewaris 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Lytse eksterspjocht
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Tuneezje