Springe nei ynhâld

Lâniis

Ut Wikipedy

Lâniis is Iis dat op it lân, oars as seeiis. Lâniis dat net, of mar foar in lyts part, yn de simmer raant, wurdt meastentiids gletsjer neamd.

De grutste mannichte permanint lâniis leit op Antarktika en Grienlân en dy wurde ek wol iiskappen neamd.

De ûntwikkeling fan lâniis is wichtich foar de ferwachte seespegelstiging as gefolch fan it broeikaseffekt. It wetter, dat frijkomt as it soad lâniis ôfnimt, sil in bijdrage leverje oan de stiging fan de seespegel. It seeiis, dat op it wetter driuwt, lykas it iis op de Noardpoal, spilet dêryn gjin rol troch de wet fan Argimedes. Rânend lâniis fan bygelyks Griienlân en Antarktika lykwols hat wol gefolgen foar de seespegel.

De seespegel hat yn de 20e iuw trochstrings mei 0,1 oant 0,2 meter omheech gien, benammen troch opwaarming fan it seewetter en rânend lâniis. As de grutte mannichte lâniis op West-Antarktika folslein râne soe soe de seespegel wrâldwiid mei sa'n 6 meter stige. Lykwols wurdt feroaring op grutte skaal yn de 21 iuw net ferwachtsje. Under de iistiden hat in grut part fan Noard-Europa, de Alpen en Noard-Amearika mei lâniis bedobbe west. Destiids stie de seespegel ûngefear 125 meter leger as hjoed.