Koop Scholten
Koop Christiaen Scholten (Hurdegaryp, 27 jannewaris 1937) is in Nederlânske pedagooch.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Scholten is in soan fan bibletekaris Marten Koops Scholten (1904-1987) en in omkesizzer fan ds. André Roelof Scholten (1910-1944). Hy folge earst de kweekskoalle foar ûnderwizers, helle dêrnei syn MO-akte Frysk en waard ûnderwizer op in twatalige skoalle. Dêrnei waard er dosint Frysk op de opliedingsskoalle foar beukerliedsters, de lettere PABO.
Scholten skreau ferskate artikelen oer Fryske ûnderwerpen, wêr't ien ûnder wie by gelegenheid fan it 40-jierrich bestean fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn 1999 dêr't syn heit mei-inisjatyfnimmer en earste konservator fan wie. Fierder levere er bydragen oan De Oesdrip. Hûsorgaen fan it Skriuwersboun. Hy waard lykwols het meast bekend fanwegen syn metoade Frysk foar net-Frysktaligen.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Taalhantearring troch HAVO-isten. Ondersyk nei ge- en misbrok fan skriftlik Frysk, en de koreksje yn eksamenopstellen. [S.l., s.d.] (skripsje foar taalkunde, MO-B Frysk).
- Fries leren. Mei sawn pear earen. Methode Fries voor niet-Friestaligen. 2 dielen. Ljouwert, 1974.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|