Springe nei ynhâld

Katedraal fan Southwark

Ut Wikipedy
Ferlosser en Marijekatedraal

Cathedral and Collegiate Church of St. Saviour and St. Mary Overie

Lokaasje
lân Skotlân
plak Londen SE1
koördinaten 51°30' N 0°5' W
Tsjerklike gegevens
bisdom Southwark
Arsjitektuer
boujier 1220-1897
boustyl gotyk, neogotyk
monumintale status Grade I listed building
Webside
cathedral.southwark.anglican.org
Kaart
Katedraal fan Southwark (Londen)
Katedraal fan Southwark

De Katedraal fan Southwark (Ingelsk: Cathedral and Collegiate Church of St. Saviour and St. Mary Overie) is in Anglikaansk tsjerkegebou oan 'e súdlike kant fan 'e Teems yn it Londenske stedsdiel Southwark. De yn goatyske styl boude katedraal datearret foar in wichtich part út de jierren 1220-1420. Sûnt 1905 hat de tsjerke de funksje fan katedraal.

Ynterieur

Al yn it Domesday Book út it jier 1086 wurdt der ferwiisd nei de tsjerke. Oft op dit plak ek al yn it jier 606 in kleaster stien hat, bliuwt lykwols in kwestje fan strideraasje.

By de grutte stedsbrân fan 1212 en oan 'e ein fan 'e 14e iuw baarnde de tsjerke ôf.

Yn it regear fan keninginne Marije waarden yn it koer prosessen tsjin ketters holden. Yn jannewaris 1555 waarden dêr seis hege geastliken, wêrûnder de biskop fan Gloucester, ta de dea feroardiele.

Yn it bouwurk fûnen de skriuwers John Gower en John Fletcher harren lêste rêstplak. It ferneamde panorama "Long View of London from Bankside" fan de etser Wenceslaus Hollar út 1638 waard fanút de toer fan de tsjerke tekene. Fan 1890 oant 1897 waard it skip fan 'e katedraal folslein werboud.

De katedraal stiet yn in gebiet, dat yn 'e Twadde Wrâldkriich swier te lijen hân hat ûnder de Dútske bombardeminten. Op 20 febrewaris 1941 waard de katedraal rekke en skansearre troch in bom. Skea fan granaatskerven is noch jimmeroan oan 'e bûtenmorren te sjen.

It oargel fan 'e katedraal waard yn 1897 troch de oargelmakker T.C. Lewis (Brixton, Londen) mei elektropneumatyske traktueren boud. De oargelkas is in ûntwerp fan 'e ferneamde Fiktoariaanske arsjitekt Arthur Blomfield. Nei in yngripende feroaring waard it instrumint yn 1986 en 1991 yn 'e oarspronklike steat werombrocht.

Tsjintwurdich hat it oargel 61 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Katedraal fan Southwark fan Wikimedia Commons.