Springe nei ynhâld

Junkers F.13

Ut Wikipedy
Junkers F.13


Rol Passazjiersfleantúch
Makker Junkers Motorenbau und Junkers Flugzeugwerk
Untwerper Otto Reuter
Earste flecht 25 juny 1919
Yn tsjinst 29 oktober 1919
Ut tsjinst ein jierren tritch
Tal makke 314 - 328 (1919-1932)
Brûkers Junkers Luftverkehr, DLH, LAB, LOT, ÖLAG
F 13 D-190 fan Lloyd Oflug, doe noch Junkers Luftverkehrs AG.
Cockpit fan de Junkers F.13

De Junkers F.13 (ek bekend as F 13) wie de earste transportfleanmasine dy't hielendal fan metaal wie, boud yn Dútslân oan de ein fan de Earste Wrâldkriich. It wie in avansearre iendekker mei in wjuk út ien stik, mei in tichte ferwaarme kabine foar fjouwer passazjiers. De fleander siet yn in heal iepen cockpit, sûnder sydruten. Der binne sa'n 330 fan ferkocht, 110 dêrfan fleagen yn Dútske tsjinst. It tastel waard 13 jier lang makke en hat hast 20 jier kommersjeel tsjinst dien.

De F.13[1], Junkers syn earste kommersjele fleanmasine, wie doetiids tige nijmoadrich mei syn ribbeltsjeplaat beklaaing fan de romp, leech pleatste en earodynamysk ferantwurde wjukken sûnder triedden om se te skoarjen. Yn 't earstoan wie men hoeden mei it tapassen fan in lege wjuk om't men tocht dat it swiertepunt fan it tastel dan te heech lizze soe. Ek letter yn de jierren 1920 wienen fleanmasinen noch twadekkers mei skoarlinen en latten oan de bûtenkant. Mei Fokker syn passazjiersfleanmasines wienen dy fan Junkers de moderne tastellen dy't de toan oanjoegen yn de loftfeart.

Technyske feiten (1919)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Feiten
Bemanning 2
Passazjiers 4
Lingte 9,60 m
Spanwiidte 14,82 m
Hichte 4,10 m
Wjukoerflak 34,50 m²
Leechgewicht 1.075 kg
Startgewicht 1.800 kg
Belesting 52,17 kg/m²
Krêft/gewichtbelesting 13,24 kg/kW
Motor ien wetterkuolle 6-silinder-linemotor BMW IIIa fan 136 kW (185 HK)
Heechste faasje 170 km/o
Krúsfaasje 140 km/o
Stiichfaasje 3,00 m/s
Tsjinstplafond 4.600 m
Fleanberik 1.200 km
Start-/lâningsbaan 200 m / 150 m
  • Stroud: Wings of Peace: The Junkers F13 (Aeroplane Monthly)
  • Pohlmann: Prof. Junkers nannte es "Die Fliege" (ISBN 3-87943-982-6)
  • Wagner: Junkers F13 und ihre Vorlaeufer (ISBN 3-88064-015-7)
  • Endres: The Junkers F13 in Poland (Air Pictorial)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Harvnb/Turner/Nowarra, 1971; side 17-18