Joop Alberda
Jogchum Theo (Joop) Alberda (Easterwâlde, 25 oktober 1951) is in Frysk sportbestjoerder, dy’t namme makke as follybalcoach.
Yn de tiid fan syn stúdzje oan de Akadeemje foar Lichaamlike Opfieding (ALO) beoefene er als aktive sporter efterienfolgens fuotbal, turnjen en follybal. Yn dy lêste sport helle er by de Grinzer feriening Lycurgus earedifyzje-nivo.
Hy murk dat er gefoel hie foar it trainings- en coaching-aspekt fan sport yn it algemien en follybal yn it bysûnder. Hy liet him dêrby ynspirearje troch de Amerikaan Doug Beal, dy’t er yn 1985 moete. Beal wûn mei syn follybalteam it jier dêrfoar Olympysk goud yn Los Angeles. Syn strategyske oanpak spruts Joop tige oan: Alles ta op de boaiem útstippelje, neat oan it tafal oerlitte.
In Grins hie er in soad kontakt mei Jan Vlieg dy’t deselde besieling hie foar de sport tafeltennis.
Yn 1994 waard Alberda beneamd ta coach fan it Nederlânsk manljusfollybalteam dat al inkele jierren op wei wie nei de absolute top. Tegearre wûnen se yn 1996 de gouden medalje by de Olympyske Spullen fan Atlanta. It Nederlânske publyk keas letter dat ta sportmomint fan de tweintichste iuw.
Alberda sels waard yn 1996 útroppen ta bêste follybalcoach fan ’e wrâld.
Yn 1997 kaam er yn tsjinst as technysk direkteur by sportkoepel NOC*NSF. Mei troch him slagge de Nederlânske delegaasje by de Olympyske Spullen yn Sydney (2000) der yn om in rekordoantal fan 25 medaljes te winnen.
Yn april 2004 kundige er oan dat hy oan ’e ein fan dat jier stopje soe by it NOC*NSF. De beslissing wie mei basearre op teloarstelling om it ûntbrekken fan genôch stipe foar syn ambisjeuze plannen om in Olympic Team op te rjochtsjen.
Yn 2006 gie er mei fuotbaltrainer/coach Guus Hiddink nei Ruslân ta om dêr it fuotbal sá te organisearjen dat Ruslân wer meidwaan kin op it heechste plan.
Joop Alberda is troud, hat twa bern en wennet yn Vinkeveen.