Job Cohen
Marius Job Cohen (Haarlim, 18 oktober 1947) is in Nederlânsk jurist en politikus. Cohen wie sûnt 2010 polityk lieder fan de Partij fan de Arbeid en fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de Twadde Keamer.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cohen is de twadde soan fan Dolf Cohen en Hetty Koster, beide skiedkundigen. Syn âlden wiene frijsinnich-joadsk. Sy krigen ferkearing yn 1940, mar moasten apart ûnderdûke en seagen elkoar earst nei de oarloch wer. Cohens pake en beppe fan heitekant waarden fermoarde yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Hy waard grut yn Heemstede, en folge it gymnasium yn Haarlim fan 1960 oant 1966. Syn hei wie yn dy tiid heechlearaar, en letter rector magnificus oan de Leidske universiteit. Cohen waard 1 septimber 1967 lid fan de Partij fan de Arbeid en hie tal fan bestjoersfunksjes yn de partij-organisaasje.
Cohen foltôge syn rjochtenstúdzje yn 1971 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wurke dêrnei sa'n tolve jier by de Universiteit Maastricht, dêr't er de rjochtenfakulteit opsette, heechlearaar metoden en techniken waard en letter ek rector magnificus.
Yn 1993 waard hy koarte tiid steatssekretaris fan Underwiis yn it kabinet-Lubbers III. Sûnt 1994 siet hy yn de Earste Kamer en yn 1998 waard hy yn it kabinet-Kok II nochris steatssekretaris, diskear fan Ministearje fan Justysje. Ein 2000 trede hy werom as steatsekretaris, om begjin 2001 oan te treden as boargemaster fan de gemeente Amsterdam. Op 12 maart 2010 waard bekend dat nei it fuortgean fan PvdA-partijlieder Wouter Bos Cohen him kandidaat stelde as nije PvdA-partijlieder. Syn boargemasterskip lei hy per direkt del. Op 25 april 2010 waard Cohen keazen, as ienige kandidaat. Op moandei 20 febrewaris 2012 joech hy syn funksje op as fraksjefoarsitter en polityk lieder fan de PvdA. Hy komt likemin werom as Keamerlid[1].
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boeken (as auteur)
- Studierechten in het wetenschappelijk onderwijs (1981), dissertaasje[2]
- Binden. Met een inleidend interview door Bas Heijne (2009), bondel taspraken en lêzingen[3]
- Audioboeken (as ferteller)
- Het grijze kind (2007), skreaun troch Theo Thijssen[4]
- De uitvreter (2008), skreaun troch Nescio[4]
- Lijmen/Het been (2009), skreaun troch Willem Elsschot[4]
- Kaas (2009), skreaun troch Willem Elsschot[4]
- Titaantjes (2010), skreaun troch Nescio[4]
- Max Havelaar (2010), skreaun troch Multatuli[4]
- Boeken oer Job Cohen
- Een vreemdeling op Justitie. Het asielbeleid van Job Cohen (2001), skreaun troch Jeroen Corduwener, ISBN 90 204 2086 0
- Job Cohen. Burgemeester van Nederland (2010) skreaun troch Hugo Logtenberg & Marcel Wiegman, ISBN 90 468 0727 4
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Nederlânsk politikus
- PvdA-politikus
- Boargemaster fan Amsterdam
- Earste Keamerlid
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk steatssekretaris
- Nederlânsk abbekaat
- Nederlânsk rjochtsgelearde
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk polityk skriuwer
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk ateïst
- Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn 1947