Springe nei ynhâld

Hendrik Frânses Pasma

Ut Wikipedy
Hendrik Pasma

Hendrik Franses Pasma (It Hearrenfean, 21 july 1813 - dêre, 5 desimber 1890) wie in boer, skriuwer en politikus.

Pasma wie strider foar Fryske lânbou- en steatsbelangen. Foar it iene wie er lid fan 'e Maatskippij fan Lânbou. Foar it oare wie er wethâlder fan Haskerlân en lid fan de Steaten fan Fryslân.

Yn 1879 wie er ien fan de oprjochters fan it Frysk Kowestamboek. Hy wie lid fan fertsjinste fan 'e Fryske Mij fanwegen syn ynset om de súveltaberieding te ferbeterjen. Hy reizge mei oaren nei Denemark ta om dêr de melkfeehâlderij te bestudearjen. Hy wie ek nutssprekker.

Pasma boaske yn 1837 mei Trijntje Nijdam. It earste jier wennen hja yn Jirnsum, it oare jier ferfarren hja nei in pleats op Haskerdiken. Hja hawwe seis bern hân. Njonken al syn aktiviteiten wie Pasma ek Frysk dichter.

  • Frieslands boezemwater in zijn aanvoer, doorvoer en afvoer, 1868

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: