Springe nei ynhâld

Haparanda

Ut Wikipedy
Haparanda
It treinstasjon fan Haparanda út 1916
Lân Flagge fan Sweden Sweden
Lânsdiel Norrland
Provinsje(s) Norrbottens län
Lânskip(pen) Norrbotten
Gemeente(n) Haparanda
Koördinaten 65° 50′ NB 24° 7′ EL
Oerflak 593 ha
Ynwennertal 6.681  (2017)
Befolkingstichtens 11,3 ynwenners/ha
Tiidsône MET  (UTC+1)
Simmertiid MEST  (UTC+2)

Haparanda (Finsk: Haaparanta) is in plak yn de Sweedske provinsje Norrbottens län en makket diel út fan de lyknammige gemeente Haparanda. It stedsje hat 6.681 ynwenners (2017) en grinzget yn it easten oan Finlân. Haparanda is tagelyk it meast eastlike wenplak fan Sweden.

Haparanda leit oan de mûning fan de rivier de Torne en oan de Europeeske wei 4 dy't út it westen wei út Luleå komt. Nei it noarden rint de Riksväg 99 nei hast alle grutte doarpen yn dy kontreien. Oan de oarekant fan de Torne leit de Finske stêd Tornio (tegearre foarmje se Eurocity). Tusken beide stêden leit in eilân dat ta Finlân heart, dêr't de brêgen oer rinne dy't de stêden ferbynt. Súdlik fan Haparanda leit de Botnyske Golf, dy't simmerdeis befarber is, mar yn 'e winter beferzen is.