Hanneke Jagersma
Hanneke Jagersma | ||
Algemien | ||
Berne | 1 novimber 1951 | |
Berteplak | Heech | |
Partij | CPN, SP | |
Politike funksjes | ||
1978-1982 | Lid Provinsjale Steaten fan Grinslân | |
1982-1990 | Boargemaster fan Beerta |
Johanna (Hanneke) Jagersma, berne yn Heech op 1 novimber 1951, wie in Nederlânske politikus fan Frysk komôf foar de Kommunistyske Partij Nederlân (CPN) fan 1974 oant 1989. Hja wie boargemaster fan de gemeente Beerta fan 1982 oant 1990. Hja wurket hjoed-de-dei by de Feriening Humanitas.
Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frou Jagersma waard berne op 1 novimber 1951 yn Heech yn in hûshâlding dy't lid fan de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU) wie. Hja gie nei de MULO, HAFU en se studearre oan de Sosjale Akademy yn Grins. Hja waard yn 1974 lid fan de Kommunistyske Partij Nederlân en wurke fan 1975 oant 1982 yn de âldereinsoarch yn de gemeenten Beerta, Finsterwolde en Nijeskâns.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hja wie lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân fan 1978 oant 1982. Op 1 april 1982 waard se beneamd as boargemaster fan de gemeente Beerta. Hja wie de earste kommunistyske boargemaster yn Nederlân en letter sjoen ek de iennige. Hja wie yn 1983 de earste boargemaster dy't kreamferlof krige, wylst yn it amt. Hja bleau boargemaster oant de gemeente Beerta op 1 jannewaris 1990 gearfoege waard mei de gemeenten Finsterwolde en Nijeskâns ta de nije gemeente Reiderlân. Hja wie der poer op tsjin dat de CPN yn de nije partij GrienLinks opgie. Hja waard noch in skoftke lid fan de Partij fan Kommunisten yn Nederlân (VCN) en fan 2013 oant 2017 wie se lid fan de Sosjalistyske Partij (SP).
Nei de polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hja wurket no as behearder by de Feriening Humanitas, in maatskiplike tsjinstferlieningsorganisaasje, en se wurket ek noch by de Stifting Hûs foar Thús- en Dakleazen yn Grins.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hanneke Jagersma fan Wikimedia Commons. |