Springe nei ynhâld

Halte (Weener)

Ut Wikipedy
Halte
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Weener
Sifers
Ynwennertal 124 (31 desimber 2017)
Hichte 2 meter boppe NAP
Oar
Postkoade 26826
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Weener
Kaart fan it Reiderlân

Halte is in doarp oan de Iems yn it Dútske diel fan it Reiderlân (Nedersaksen) en makket diel út fan de gemeente Weener yn East-Fryslân.

It plak ûntstie út in foarwurk fan de Johanniter kommanderije Muhde, dy't dêr in meierij besiet. It plak waard yn 1439 foar it earst yn in oarkunde neamd als vorwerke tho Halteren. Op in kaart út it jier 1589 is de namme Haltt oerlevere. Nei de Reformaasje gie it besit fan de Johanniters yn private hannen oer. Sa waard Halte in aadlik lâneigendom mei de dêr by hearrende rjochten.

Yn Halte wie ek in stienbakkerij. Om 1800 hinne tsjinne it plak boppedat as steapelplak foar de fan see kommende skipfeart. Yn de 19e iuw droegen in werf en in seagerij de pleatslike ekonomy. Halte wie dêrnjonken yn de tiid fan de Frânske besetting fan East-Fryslân in plak dêr't in dûanestasjon fêstige wie.

It plak hat yn de skiednis in soad te lijen hân fan stoarmfloeden, mar ek de Twadde Wrâldoarloch brocht it plak in protte leed en skea.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Weener
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor
· · Berjocht bewurkje