Half-Life
Half-Life | ||
Untwikkeler(s) | Valve Corporation (Windows) Gearbox Software (PS2) | |
Publisearder(s) | Sierra Entertainment | |
Utbringer(s) | Sierra Entertainment (retail) Steam (online) | |
Sjenre | First person shooter | |
Modes | Single-player, multiplayer | |
Skriuwer(s) | Marc Laidlaw | |
Komponist(en) | Kelly Bailey | |
Engine | GoldSrc | |
Ferzje | Retail: 1.1.1.2 Steam: 1.1.2.1 | |
Platform(s) | Microsoft Windows, PlayStation 2, Linux, OS X | |
Media | CD, DVD, download |
Half-Life is in science fiction-fideospultsje ûntwikkele troch de Valve Corporation. It is it debútprodukt fan it bedriuw en it earste yn de Half-Life-searje. It spultsje waard earst yn 1998 útjûn troch Sierra Studios foar Windows-pc's, mar letter waard it ek útbrocht foar de Playstation 2[1], Mac OS X- en Linux-oersettings kamen beskikber yn jannewaris fan 2013.[2] Yn Half-Life nimt de spiler de rol oan fan Dr. Gordon Freeman, in teoretysk natuerkundige, dy't himsels in wei út in geheim ûndergrûnsk laboratoarium fjochtsje moat, dêr't ûndersiik en eksperiminten mei teleportaasjetechnology slim ferkeard gien binne.
Foar Valve, opsetten troch eardere Microsoft-wurknimmers, wie it dreech om in útjouwer te finen, mei't mannichien it projekt te ambisjeus fûn. Sierra On-Line tekene úteinlik foar it spultsje, neidat se har ynteresse yn in 3D-askjespul blike litte hiene. It spultsje hie syn publike premiêre op it Electronic Entertainment Expo yn 1997. It is oarspronklik makke foar Windows en brûkt in oanpaste ferzje fan de Quake-engine mei parten fan de koade fan de id Tech 2 engine, dy't GoldSrc (gold source, fert.: goudboarne) neamd wurdt. [3][4]
By de útjefte kriich it spul fan kritisy in soad lof foar it rinnende ferhaal, de presintaasje en de realistyske gameplay, en wûn derneist fyftich Game of the Year Awards ("Spul fan it Jier-prizen").[5][6] De gameplay hat noch jierrenlang nei de publikaasje fan Half-Life fan ynfloed west op it ûntwerp fan first person shooter-spultsjes, en it wurdt beskôge as ien fan de bêste fideospultsjes dy't ea makke binne.[7][8] Fan Half-Life wiene op 16 novimber fan 2004 acht miljoen stiks ferkocht,[9], en yn desimber fan 2008 9,3 miljoen.[10] Op 14 july 2007 wiene der fan de hiele Half-Life-franchise 20 miljoen stiks ferkocht.[11] Half-Life waard yn 2004 opfolge troch de fuortsetting Half-Life 2, dat ryklik safolle lof krige as it earste diel. Half-Life hat in bysûnder kultureel stimpel set mei syn mienskiplike modifikaasjes ("mods") en opfolgers, dy't in grutte hoemannichte fans en withoegrut kultusgefolch sammele hawwe.