Springe nei ynhâld

Grienkopein

Ut Wikipedy
grienkopein

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai smjunten (Mareca)
soarte
Mareca falcata
Georgi, 1775
IUCN-status: gefoelich

De grienkopein (Mareca falcata) is in fûgel út it skaai fan de smjunten. De fûgels út dit skaai hawwe in skoft yndield west by de gewoane Einen. De Grienkopein is dêrom ek wol te finen ûnder de namme Anas falcata. It skaai Mareca is lykwols op 'e nij ynfierd.

De grienkopein hat it formaat fan de eastein, sa'n 48 oant 54 sm. De jerke yn syn briedkleed is tige opfallend. It grutste part fan syn fearren is griis mei lange fearren dy't oan beide siden fan syn rêch hingje. Syn kop is grien mei in wite kiel en in brûnskleurige krún.
It wyfke is ûnopfallend donkerbrún.

De grienkopein is in echte trekfûgel, hy briedet yn it easten fan Sibearje en it noarden fan Sina. Hy oerwinteret yn grutte kloften yn in grut part fan súd-east Aazje.
De fûgel wurdt ek wol gauris sjoen bûten syn eigentlike bried- of oerwinteringsgebiet. Dit binne faaks fûgels dy't ûntsnapt binne want it is in populêre fûgel om te hâlden.

De grienkopein yt planten, sawol troch yn it wetter de boaiem ôf te sykjen, as op de kant yn it gers te weidzjen.

Aaien fan 'e grienkopein.

De grienkopein makket syn nêst op de grûn flakby it wetter, meast ferside ûnder de strûken op de kant. It wyfke leit sa'n 6 oant 10 aaien.