Film 44
Film 44 | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | filmstudio, tillefyzjestudio | |
fêstige yn | Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 2009 | |
oprjochter | Peter Berg | |
eigner | Peter Berg | |
sifers | ||
wurknimmers | 8 | |
offisjele webside | ||
film44.com |
Film 44 is in Amerikaanske film- en tillefyzjestudio.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Film 44 is in Amerikaanske film- en tillefyzjestudio dy't yn 2009 oprjochte waard troch filmprodusint Peter Berg. Dyselde brocht der ek guon fan syn eardere projekten by ûnder. It bedriuw is fêstige yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en der wurkje likernôch acht minsken. Neffens de eigen webside leit de studio him ta op it meitsjen fan "oprjochte" films, mei ferhalen dy't "sekuer werjûn wurde op in wize dy't it publyk wat docht en soms ynspirearret […]".
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- films
- Friday Night Lights (2004)
- Battleship (2012)
- Lone Survivor (2013)
- Deepwater Horizon (2016)
- Patriots Day (2016)
- Hell or High Water (2016)
- Wind River (2017)
- tillefyzjesearjes
- Friday Night Lights (2006–2011)
- The Leftovers (2014–2017)
Susterstudio's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Film 44 hat twa susterbedriuwen, Film 45 en Film 47, dy't ek eigendom binne fan Berg en dy't allebeide gebrûk meitsje fan 'e ynfrastruktuer fan Film 44. Wylst Film 44 him taleit op 'e produksje fan films en tillefyzjesearjes, makket Film 45 skriptleaze tillefyzjeprogramma's (lykas kwissen en realitytillefyzje), en Film 47 reklamespotsjes.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |