Doeschka Meijsing
Maria Johanna (Doeschka) Meijsing (Eindhoven, 21 oktober 1947 - Amsterdam, 30 jannewaris 2012[1]), de âldere suster fan skriuwer Geerten Meijsing en filosofe Monica Meijsing, wie in Nederlânske skriuwer fan ferhalen en romans.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meijsing studearre Nederlânsk en literatuerwittenskip oan de Universiteit fan Amsterdam. Fan 1971 oant 1976 joech sy les oan it St. Ignatiusgymnasium. Dêrnei wie sy oant 1978 wittenskiplik meiwurker ian it Ynstitút foar Neerlandistyk fan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1978 waard Meijsing redaktrise foar de boekebylage fan Vrij Nederland en yn 1989 waard hja literatuerredakteur fan it opinyblêd Elsevier.
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1969 ôf publisearre Doeschka Meijsing yn Podium, letter ek yn De Revisor; dêrtroch wurdt hja ta de streaming fan de Revisor-auteurs rekkene. yn 1974 ferskynde har earste ferhalebondel De hanen en andere verhalen. De gastkolleezjes dy't sy oan de Universiteit fan Grins joech, binne bondele yn Hoe verliefd is de toeschouwer? (1988). Meijsing skreau ek poëzy (Paard Heer Mantel, 1986). Yn 1997 wûn hja de Opzij Literatuerpriis (dy't doe noch de Annie Romeinpriis hjitte).
Tematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wichtige tema's yn Meijsing har wurk binne de ferhâlding tusken ferbylding en werklikheid, de fassinaasje foar in bewûndere persoan - mei jaloerskens fan gefolgen - en de tiid. Har haadpersoanen binne kwetsbere bûtensteanders dy't yn de fantasy flechtsje.
Doeschka Meijsing wie lesbysk en hat ferskate relaasjes mei froulju hân. Foar har lêste roman Over de liefde út 2008, dy't bekroane waard mei sawol de AKO-Literatuerpriis as de F. Bordewijkpriis en de Opzij Literatuerpriis, brûkte sy ien fan har relaasjes (dy mei Xandra Schutte) as ynspiraasjeboarne. Dy relaasje gie stikken omdat har freondinne har ferliet foar in oar. Meijsing liet har nettsjinsteande har homoseksualiteit negatyf út oer homoseksuele ferhâldingen en homohoulik, omdat - benammen doetiids - fuortplantsjen en it foarmjen fan in húshâlding yn dy relaasjes net mooglik binne.[2]
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doeschka Meijsing stoar oan de komplikaasjes fan in swiere operaasje. Sy wenne oant har dea ta yn Amsterdam-Súd.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1974 - De hanen en andere verhalen
- 1976 - Robinson
- 1977 - De kat achterna
- 1980 - Tijger, tijger! (bekroane mei de Multatulipriis 1981)
- 1982 - Utopia of De geschiedenissen van Thomas
- 1982 - Zwaluwen en Augustein
- 1985 - Ik ben niet in Haarlem geboren
- 1986 - Paard Heer Mantel (gedichten)
- 1987 - Beer en Jager
- 1988 - Hoe verliefd is de toeschouwer?
- 1990 - De beproeving
- 1992 - Vuur en zijde
- 1994 - Beste vriend
- 1996 - De angstige waakhond
- 1996 - De weg naar Caviano
- 2000 - De tweede man (nominearre foar de AKO Literatuerpriis 2000)
- 2002 - 100% chemie (Tzumpriis foar de bêste literêre sin 2003)
- 2005 - Moord en doodslag (tegearre mei broer Geerten Meijsing)
- 2008 - Over de liefde (AKO Literatuerpriis, F. Bordewijkpriis, Opzij Literatuerpriis)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|