Springe nei ynhâld

Demokraten 66

Ut Wikipedy
D66
Partijlieder Rob Jetten
Partijfoarsitter Victor Everhardt
Oprjochting 1966
Haadsit De Haach
Ledetal 26.285
Jongereinorganisaasje Jonge Democraten
Rjochting Midden (ekonomysk)
Lofts (sosjaal)
Ideology Sosjaalliberalisme, Frijsinnich, sekularisme
Wittenskiplik buro Mr. Hans van Mierlo Stichting
Europeeske fraksje ALDE
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan Liberale Internationale
Webside www.d66.nl

Demokraten 66, Nederlânsk: Democraten 66, koartwei D66, oan 1985 D'66), is in progressyf-liberale partij yn Nederlân. De partij is yn 1966 oprjochte. Ynisjatyfnimmers wienen de sjoernalist Hans van Mierlo en it Amsterdamske VVD-riedslid Hans Gruijters. It wichtichste stânpunt wie it demokratisearjen fan de Nederlânske polityk. De partij die yn 1967 foar it earst mei oan de lanlike ferkiezings en kaam doe mei 7 sitten yn de Twadde Keamer. Dêrnei wienen de ferkiezingsresultaten nochal wikselfallich.

Nei de ferkiezings fan 1972 gong D66 diel útmeitsjen fan in kabinet ûnder lieding fan Joop den Uyl. Hans Gruijters waard minister fan Folkshûsfêsting, Romtlike Oardering en Miljeubehear.Dit kabinet stroffele yn 1977.

Nei ien fan de langste formaasjes yn de skiednis waard in desimber 1977 it kabinet Van Agt I foarme (CDA en VVD) en D66 kaam yn de opposysje. Yn 1981 kamen hja yn it kabinet Van Agt II, dat in “fjochtkabinet” wie. Mei namme Dries van Agt (CDA) en Joop den Uyl (PvdA) koenen mar min meielkoar oerwei. It kabinet fûl dan ek al gau. De efterban fan D66 koe net begripe dat de partij trochgong sûnder PvdA en by de ferkiezings fan 1982 ferlear D66 11 sitten.

Hans van Mierlo waard wer partijlieder fan 1986 oan 1998 en wist de partij wer ta nije suksessen te lieden. By de Keamerferkiezings fan 1994 groeide D66 nei 24 sitten, ferlear it CDA en waard de PvdA de grutste partij. Foar it earst nei de Earste Wrâld Oarloch kaam der in kabinet sûnder de konfesjonelen, it saneamde “Paarse kabinet” (PvdA, VVD en D66). Dit kabinet koe in tal maatregels nimme dy 't it CDA altyd tjsinholden hie, lyk as donorregistraasje, eutanasy, it homohoulik en de ferromming fan de winkelslutingstiden. Yn it regearakkoord wie opnaam dat er in “korrektyf referindum” komme soe. Dit wie ien fan de saneamde “kroanjuwielen” foar D66. Yn de Earste Keamer waard dit útstel fersmiten. De efterban wie it der net mei iens, dat de partij dochs yn it kabinet sitten bleau.

Yn 2003 gong D66 dielnimmen oan it kabinet Balkenende II mei CDA en VVD. Op 'e nij waard ien fan de “kroanjuwielen” fan D66, de keazen boargemaster, yn de Earste Keamer fersmiten. D66 bleau wer yn it regear, mar fise-premier Thom de Graaf stapte op en waard ferfong troch Alexander Pechtold.

Yn juny 2006 stipe D66 in moasje fan wanbetrouwen tsjin minister Rita Verdonk fan Frjemdlingsaken en feroarsake in kabinetscrisis. By de ferkiezings fan dat jier bleaunen der noch mar treie sitten oer, wat in djiptepunt wie foar de partij. D66 kaam yn de opposysje en dat levere harren by de ferkiezings fan 2010 in winst op fan 7 sitten. By de Twadde Keamerferkiezings yn 2017 helle D66 19 sitten en van oktober 2017 oan jannewaris 2022 makken hja diel út fan it kabinet Rutte III (VVD, CDA, D66 en Kristen Uny). By de Twadde Keamerferkiezings yn 2021 helle D66 24 sitten en sûnt jannewaris 2022 meitsje hja diel út fan it kabinet Rutte IV (VVD, D66, CDA en Kristen Uny).

D66 hat bestjoerlike fernijing altyd fan grut belang achte. Twa kear is ien fan dizze “kroanjuwielen” (it referindum en de keazen boargemaster) fersmiten yn de Earste Keamer. Oare liberale punten binne (mei namme yn it “Paarse” kabinet) wol oannaam. Tsjintwurdich wurdt de partij sosjaal-liberaal neamd. De partij stribbet nei in duorsume, demokratyske en iepen mienskip wêrby ’t de minsken solidêr mei elkoar binne.

Lanlike en Jeropeeske polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tal sitten fan D66 yn de Twadde Keamer hat troch de jierren hinne bot skommele. It wiene:

  • jiertal sitten
  • 1967: 7 sitten
  • 1971: 11 sitten
  • 1972: 6 sitten
  • 1977: 8 sitten
  • 1981: 17 sitten
  • 1982: 6 sitten
  • 1986: 9 sitten
  • 1989: 12 sitten
  • 1994: 24 sitten
  • 1998: 14 sitten
  • 2002: 7 sitten
  • 2003: 6 sitten
  • 2006: 3 sitten
  • 2010: 10 sitten
  • 2012: 12 sitten
  • 2017: 19 sitten
  • 2021: 24 sitten
  • 2023: 9 sitten

De fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer is meastentiids ek de listluker by de lanlike ferkiezings. Dat wienen de folgjende persoanen:

Oant no ta hat D66 seis kear meidien yn in kabinet. Dat wienen:

De Earste Keamer fraksje fan D66 bestiet sûnt de ferkiezings fan 2019 út sân persoanen. Fraksjelieder is Annelien Bredenoord.

Yn it Jeropeeske Parlemint is D66 fertsjintwurdige troch trije leden. De delegaasje fan D66 makket krektlyk as de VVD diel út fan de Alliânsje fan Liberalen en Demokraten foar Jeropa, ALDE). Delegaasjelieder is Samira Rafaela.

Provinsjale en gemeentlike polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn njoggen provinsjes is de partij fertsjintwurdige yn it Kolleezje fan Deputearre Steaten, te witten yn Flevolân, Grinslân, Gelderlân, Limburg, Noard-Hollân, Noard-Brabân, Oerisel, Uttert en Súd-Hollân. De provinsje Seelân hat in Komissaris fan de Kening dy’t lid is fan D66.

By de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 waard D66 de grutste yn Amsterdam, Grins en Utert. De partij hat no rom 800 sitten troch it hiele lân. Yn Fryslân is de partij fertsjintwurdige yn de gemeenterie fan Ljouwert, Eaststellingwerf, Frentsjerteradiel, Harns, Opsterlân, Smellingerân, de Fryske Marren, Súdwest Fryslân en it Hearrenfean. De partij hat op dit stuit in wethâlder yn de gemeenten Smellingerlân (Ron van der Leck) en yn Súdwest- Fryslân (Mirjam Bakker). Opsterlân hat ek in D66 boargemaster, dat is Ellen van Selm (2022).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: