De Bres
Appearance
De Bres is it ûnderkommen fan Fryske en kulturiele organisaasjes.
It pân is festige oan de Skoalstrjitte 4 te Ljouwert. Der is in gearkomste- en kantoarromte en in seal mei breed ynsetber gebrûk. It gebou waard offisjeel iepene troch kultuerwethâlder frou Y. Bleize op 6 oktober 2006. It gebou moat in ynformeel moetingsplak wurde foar Fryske - en kultuerynstellings en in útfalsbasis foar aktiviteiten mei in leechdrompelich karakter.
De Bres is ornearre foar ûndersteande aktiviteiten:
- Poadium foar optredens fan Fryske (of oare minderhydstalige) bands en artysten
- Lêzings, diskusjejûnen en polityk kafee
- Untfangstromte foar ynternasjonale gasten
- broeinêst en briedplak foar Fryske en kulturiele organisaasjes
- toaniel en teater
- romte jaan foar koarte eksposysjes fan Fryske en allochtoane keunstners
- multykulturiele feesten
- brânpunt foar hjoeddeistige Fryske yntellektuele diskusje
Guon fan de belutsen organisaasjes:
- Fryske Klup Ljouwert
- Doar
- Eftrije
- FYK
- Vision Africana