Charles Foulkes
Charles Foulkes (Stockton-on-Tees, Ingelân, 3 jannewaris 1903 – Ottawa, Kanada, 12 septimber 1969) wie in Kanadeesk generaal fan The Royal Canadian Regiment dy't de ûnderhannelingen oer de Dútske kapitulaasje yn Wageningen fierde.
Dútske kapitulaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard bekend meidat er op 5 maaie 1945 yn Hotel De Wereld yn Wageningen, dêr't de befelhawwer fan de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften, Prins Bernhard ek by wie, mei de Dútske generaal Johannes Blaskowitz it belies jaan fan de Dútske troepen yn Nederlân bespriek.
De oare deis, sneintemiddei 6 maaie 1945, tekenen Foulkes en Blaskowitz sûnder de oanwêzigens fan parse en fotografen de kapitulaasje-oerienkomst. Neffens de offisjele skiedskriuwing barde dat yn de aula fan de Lânbouhegeskoalle tichteby Hotel De Wereld. Feitlik wie it net mear as de foar Nederlân ornearre technyske útwurking fan de kapitulaasje op 4 maaie, doe't de Dútske admiraal Von Friedeburg yn Lüneburg út namme fan de Dútske troepen yn Noardwest-Dútslân, Nederlân, Sleeswyk-Holstein en Denemarken foar de Britske fjldmaarskalk Montgomery kapitulearre.
Generaal Foulkes die ek mei oan de ûnderhannelings foar de fiedselfoarsjenning, sa't dy oerienkaam wiene yn it Akkoard fan Achterveld.
Nei de oarloch woe de Dútske generaal Paul Reichelt hawwe dat de ûndertekening fan it foar Nederlân ornearre kapitulaasjedokumint net yn de aula fan de Lânbouhegeskoalle wie, mar yn in ferrinnewearre hûs tusken de frontlinys bûten Wageningen. Generaal-majoar George Kitching hat dêroer mear as ien kear sein dat dat perfoast net sa wie. Wol hat der yn De Nude, lizzend tusken de fronten bewesten Wageningen, in petear tusken Alliëarden en Dútsers west oer fiedseltransporten oer de wei foar de hongerjende befolking fan West-Nederlân.
Yn Wageningen waard in wei nei generaal Charles Foulkes ferneamd. De eardere Ryksstrjitwei, de wei dy't by Hotel De Wereld begjint, waard omdoopt yn Generaal Foulkeswei. Charles Foulkes is ek eareboarger fan de gemeente Wageningen.
Militêre karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Private | Sergeant | Second Lieutenant | Lieutenant | Captain | Major |
---|---|---|---|---|---|
Gjn ynsynje | |||||
desimber 1922[1] | [1] | septimber 1923[1] | 1925[1] | 1940[1] |
Lieutenant Colonel | Colonel | Brigadier | Major General | Lieutenant-General | General |
---|---|---|---|---|---|
septimber 1940[1] | 1942 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|