Springe nei ynhâld

Breednoasapen

Ut Wikipedy
Breednoasapen
Brune slingeraap
Brune slingeraap
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: primaten (Primates)
ûnderskift: drûchnoazigen (Haplorhini)
tuskenskift: apen (Simiiformes)
lytsskift breednoasapen (Platyrrhini)
É. Geoffroy, 1812

Breednoasapen (wittenskiplike namme: Platyrrhini), ek wol apen fan de Nije Wrâld neamd, is in lytsskift dat fiif famyljes omfiemet fan de primaten út it tuskenskift fan de apen (Simiiformes). (It krekte oantal feroare gauris by oanpassingen yn de klassifikaasje.)

Breednoasapen libje yn Midden - en Súd-Amearika, en parten fan Meksiko. Hja wurde beskôge as de neiste siblings fan it lytsskift fan de smelnoasapen (Catarrhini), wat sizze wol: fan de minskapen (Hominoidea) en de apen fan de Alde Wrâld (Cercopithecoidea). Hja stamme ôf fan de Afrikaanske apen, dy't Súd-Amearika sa'n 40 miljoen jier werom kolonisearre hawwe.

Platyrrhini wol safolle sizze as platnoazigen, wat komt om't hja, yn fergelyk mei de smelnoasapen (Catarrhini), grutte, fier iepensteande noaswjukken hawwe, wat harren noazen platter makket. De famylje fan de grypsturtapen (Atelidae) binne de iennige primaten mei in grypsturt.

Breednoasapen kinne oh sa lyts wêze, mei guon fan de sideapen net grutter as spûkdieren. Lykwols binne Spûkdiereftigen al drûchnoazigen, mar gjin apen. Dat, de dwerchsideaap, fan faaks 16 sm, is al de lytste ûnder de apen. Oarsom, kinne wolspinapen wol 78 sm wurde, sa grut as in bonobo.

Breednoasapen hawwe in grutter byt as smelnoasapen, mei yn alle fjouwer parten trije oergongskiezzen. Allinnich baltapen kinne, krekt as smelnoasapen, trije kleuren sjen; oare breednoasapen kinne dat net. De measte breednoasapen hawwe, oars as de measte smelnoasapen, gjin kearde tomme.

De measte soarten breednoasapen binne net grut, en ornaris libje hja yn 'e bosk. Dat makket it observearjen dreger, en it is dêrom dat wy fan breednoasapen net sa folle witte as fan smelnoasapen, dêr't it observearjen makliker by is. Al, is wis dat hja libje fan nuten, fruchten, blommen, ynsekten, fûgelaaien, spinnen, en sels lytse sûchdieren.

Oars as by de measte smelnoasapen, libje breednoasapen yn monogamy. Hja dogge ek in protte âlderlike soarch harren bern oer.

De krekte klassifikaasje hat sûnt 1997 in protte feroarings sjûn. Der is gjin grûn om oan te nimmen dat de definitive ferzje no fûn is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • As boarne is meast [1] brûkt.