Betrayer (roman)
Betrayer | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2011, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | Deceiver | |
● folgjend diel | Intruder | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 06 547 |
Betrayer is it tolfde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ferrieder". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Betrayer ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2011, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Betrayer tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat foarôf gie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Betrayer spilet likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.
Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.
Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. It fêstelân waard no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid, en yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje regearre de usurpator Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavene, wie oant op it bien ferdield; op ferskate plakken op it fêstelân wie in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini; en op it eilân Mospheira makke de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. It wie ûnbekend oft Tabini noch libben wie.
De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't Murini en trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini, dy't ûnderdûkt bliek te wêzen, wer oan 'e macht brocht waard. Hoewol't it noarden, de midden, it westen en, nei in lytse rebûlje (sjoch: Deliverer) ek it easten no wer stevich yn 'e hannen fan it regear fan Tabini binne, is it suden, de Marid, noch altyd in probleemgebiet. Yn it foargeande diel fan 'e rige, Conspirator, loek Bren him ienige tiid werom op syn bûtenpleats Najida, oan 'e westkust, dêr't er besite krige fan Cajeiri en Ilisidi. Doe't er út hoflikens in besyk brocht oan syn buorman, Baiji, ûntsnapte er lykwols mar kwealk oan in oanslach op syn libben. Neitiid die bliken dat Baiji, dy't it bewâld oer de bûtenpleats Kajiminda fierde foar syn omke, Bren syn trouwe bûnsgenoat hear Geigi, ûnder de rebûlje fan Murini betrekkings oanknope hie mei de Marid, en dat syn stêf út en tenei ynfiltrearre wie troch suderlingen.
De pleatslike befolking, dy't bestie út etnyske Edi, wist dat, mar hie it net oan Bren syn eigen stêf yn Najida ferteld. De reden wie in brekme oan fertrouwen. De Edi (en de Gan, dy't noardliker wenje), wiene de oarspronklike bewenners fan it eilân Mospheira, dat nei de Oarloch fan 'e Lâning troch de atevi oan 'e minsken ôfstien is. Sûnt libje hja as ballingen oan 'e kust fan it fêstelân en hawwe hja gjin parlemintêre fertsjintwurdiging behalven troch hear Geigi, dat in etnyske Maschi is. Wylst Bren besocht de fertrouwensbrek te behimmeljen op in gearkomste mei Aieso, de beppe (of doarpsâldste) fan Najida, seach Ilisidi har paad frij om einlings de Edi en de Gan binnen it ramtwurk fan 'e Westlike Assosjaasje te lûken, en bea se de beide ballingfolken, sûnder ienich foarôfgeand oerlis mei Bren (of Tabini), elts in sit yn it parlemint fan 'e Westlike Assosjaasje oan.
Wylst hear Geigi, dy't de sizzenskip hat oer it atevi-diel fan it romtestasjon, foar it earst yn mear as trije jier nei de planeet weromkearde, late it ferrie fan syn omkesizzer Baiji ta ûndersyk dat noch oare dingen oan it ljocht brocht. Sa hie ek Pairuti, de hear fan 'e Maschi, himsels kompromitearre troch bannen mei de Marid oan te gean. Bren en Geigi giene dêrop nei Targai, de sit fan Pairuti, dêr't Bren in moardoanslach oerlibbe dy't útfierd waard troch de âlde hear sels. Underwilens kaam syn bûtenpleats Najida, dêr't Bren syn broer Toby en dy syn freondinne Barb noch altyd taholden yn 'e mande Ilisidi en Cajeiri en harren liifwachten, ûnder fjoer te lizzen fan slûpmoardners út 'e Marid. Troch in gearrin fan omstannichheden en in grutte flater fan Cajeiri syn eigenwize jonge liifwachten Lucasi en Vejico, rekke Toby by in oanfal swierferwûne wylst Barb ûntfierd waard. Lucasi en Vejico folgen de ûntfierders yn 'e rjochting fan 'e Marid, en de ferwûne rekke Lucasi joech him yn Targai by Bren, dy't dêrop sels ek de efterfolging ynsette, yn 'e mande mei syn liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini.
Underwilens waarden der yn 'e omkriten fan Najida noch ferskate oare skanddieden útfierd troch slûpmoardners dy't yn opdracht fan 'e jonge hear Machigi fan 'e Talaigin Marid wurkje soene. De snoade Ilisidi riddenearre lykwols dat de yntelliginte Machigi net sokke domme setten dwaan soe, en dat it foar 't neist de hearen fan 'e Senjin Marid en de Dojisigin Marid wiene (Machigi syn buorlju en yn namme syn fazallen), dy't him de skuld foar sokke dingen op 'e lea skowe woene mei as doel om him troch Ilisidi-en-dy út 'e wei romje te litten. Sadwaande ûntfong Bren ûnderweis it berjocht fan Ilisidi om troch te reizgjen nei Tanaja, de haadstêd fan 'e Taisigin Marid, om dêr ûnderhannelings mei Machigi te iepenjen. Bren die dat, en syn earste kontakten mei Machigi ûnthieten gâns wat. De Taisigi hiene ûnderwilens sawol Barb as Vejico ûnderskept, en droegen dy beiden oan Bren oer as in gebeart fan goede wil.
Betrayer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Betrayer begjint fuort op it punt dêr't Deceiver ophold. By syn folgjende petear mei Machigi jout dyselde oan dat er Bren as midsman sjocht yn 'e tradisjonele, ferâldere atevi-betsjutting fan it wurd: nammentlik as ien dy't de arguminten fan 'e iene partij oan 'e oare oerbringt as wiene it syn eigen arguminten. Yn dy sin wurket Bren no net mear foar Ilisidi, mar foar Machigi, wat al wat in ûnoangename skok foar him is, mar hy rêdt him dermei. Hy biedt Machigi in assosjaasje mei Ilisidi fan Malguri oan, fan it Suden (de Marid) mei it Easten (Malguri). Sûnt de foarming fan 'e Westlike Assosjaasje hat de Marid in probleemgebiet west dat oan ien wei troch besocht hat om syn ûnôfhinklikens werom te winnen en, as dat net slagge, om 'e Westlike Assosjaasje fan binnenút te sabotearjen. No sketst Bren it byld fan in ûnôfhinklike Marid, regearre troch Machigi, binnen de Westlike Assosjaasje, in selde steatkundige konstruksje dy't ek it Easten ûnder Ilisidi hat.
De lêste twahûndert jier hat de Marid oanhâldend besocht om 'e súdwestkust fan it fêstelân yn 'e hannen te krijen, wêrby't se allegeduerigen yn konflikt kommen binne mei de Edi, dy't dêr nei harren evakuaasje fan Mospheira fêstige wiene. De Edi binne boppedat seerôvers dy't de skipfeart fan 'e Marid oerfalle en op 'e rotsen rinne litte. De takomstige opname fan 'e Edi en de Gan yn 'e Westlike Assosjaasje ferfollet Machigi dan ek net fan in protte fertrouwen. Mar Bren leit him út dat it regear fan 'e Westlike Assosjaasje foarhinne net in protte oan 'e Edi-aktiviteiten dwaan koe sûnder in wapene konflikt te feroarsaakjen, krekt omdat de Edi gjin lid wiene fan 'e Westlike Assosjaasje. As se dêr no lid fan wurde, en as de Marid dêr ûnder de neamde konstruksje ek lid fan wurdt, sille beide partijen har oan 'e wet hâlde moatte, en binne der juridyske maatregels dy't nommen wurde kinne as dat net it gefal is. Boppedat biedt Bren Machigi hannelsbetrekkings mei de kust fan it Fiere Easten oan, dy't potinsjeel folle lukrativer binne as de súdwestkust. Earder wiene de stoarmen ûnderweis dêrhinne in beletsel foar de skippen út 'e Marid om dy krite te berikken, mar mei waarssateliten yn in baan om 'e planeet kin no foar sok min waar op 'e tiid warskôge wurde.
Wylst er de foarstellen beprakkesearret, stimt Machigi deryn ta dat Bren sawol Barb as Vejico weromstjoert nei Najida, dêr't se ta opluchting fan eltsenien feilich oankomme. De sitewaasje nimt lykwols in ûnferwachte kear as it Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavenet, yn it djipste geheim tajout dat it noch altyd ynterne swierrichheden hat. Under en nei de kontrarevolúsje dy't Tabini wer oan 'e macht brocht hat, is in oansjenlik diel fan 'e leden, dejingen dy't de usurpator Murini stipe hiene, nei de Marid ta flechte, dêr't se feilich tochten te wêzen foar ferfolging troch Tabini en dy syn oanhingers. No docht bliken dat dizze Gilderenegaten har yn 'e Marid ta in ûnoffisjeel Skaadgilde organisearre hawwe en dat se de noardlike distrikten fan 'e Marid (de Senjin Marid en de Dojisigin Marid) frijwol oernommen hawwe. It wiene dus net Machigi syn fazallen dy't efter de skanddieden by Najida sieten, mar dizze Gilderenegaten, dy't Machigi as in bedriging foar harren eigen macht yn 'e Marid beskôgen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
No't Bren út namme fan Ilisidi mei Machigi ûnderhannelet oer wat delkomt op 'e normalisearring fan 'e betrekkings tusken Marid en de rest fan 'e Westlike Assosjaasje, wurdt dy bedriging fansels noch helte minder. As barre soe wat Bren foarstelt, dan soene de Gilderenegaten nearne mear hawwe om har beskûl te hâlden. Fan gefolgen binne sawol Machigi as Bren no doelwiten fan 'e heechste prioriteit wurden, en beide moatte Tanaja ûntflechtsje as der yn 'e Tasaigin Marid iepen oarlochfiering útbrekt tusken de Gilderenegaten oan 'e iene kant en slûpmoardners yn 'e tsjinst fan Machigi oan 'e oare kant, stipe troch troepen dy't stjoerd wurde troch it Gildehaadkertier yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje. Mei syn fjouwer liifwachten flechtet Bren yn in bestelbuske yn 'e rjochting fan Targai, mar deunby de grins fan 'e Marid wurde se besketten, mei de dea fan harren sjauffeur en de fernieling fan har buske ta gefolch. Geandefoets stekke se dêrnei de grins oer, wêrby't se ferskate kearen hast ûnderskept wurde. Bren syn liifwachten binne lykwols de elite fan 'e elite, en weve handich ôf mei harren tsjinstanners.
Underwilens komt Najida wer ûnder fjoer te lizzen, want de Gilderenegaten binne no troch harren tsjinstanners flink yn 'e pine set en falle oan dêr't harren fijân it kwetsberst is. En Najida sit fol mei weardefolle doelwiten, nammentlik Ilisidi, Cajeiri, Geigi, Toby en Barb. De bûtenpleats wurdt ferdigene troch de 'jongemannen' fan Ilisidi, dy't oanfierd wurde troch Cenedi en Nawari. Fierders binne der de ûngeregelde Edi-troepen, en sels in diel fan it tsjinstfolk is bewapene. Help is op kommendeweis, want de Edi hawwe harren sibben, de Gan, frege om troepen te stjoeren, en mei dyselden komt ek Adigan, de hear fan Dur, fanwegen, dat in trouwe bûnsgenoat fan Tabini en Ilisidi is. Ek út Shejidan is help ûnderweis, mar dy't wurdt troch de Gilderenegaten tsjinkeard en belegere op it fleanfjild fan Separti, net fier fan Najida ôf. No moatte de ferdigeners fan Najida it sjen út te hâlden oant de fersterkings harren berikke kinne. Cajeiri, Ilisidi, Toby en Barb, dy't beskûl socht hawwe yn 'e kelders fan 'e bûtenpleats, meitsje in stikmannich spannende minuten troch as de Gilderenegaten de foargevel fan Najida opblaze en it gebou witte yn te kringen, mar troch it heldhaftich fanwegen kommen fan Vejico en troch Cajeiri syn gebrûk fan 'e kattepûl, in typysk minsklik stik boartersguod dat Toby earder foar him makke hie, trochsteane se de ynfal.
Bren en syn liifwachten, dy't oan 'e noardkant fan 'e grins fan 'e Marid in bestelbuske stellen hawwe, komme midden yn 'e striid telâne as se op it skiereilân fan Najida arrivearje. Tano rekket ferwûne troch in ferdwaalde kûgel, en de sitewaasje wurdt noch yngewikkelder as ek Machigi mei syn liifwachten yn 'e krite oankomt. Tsjin dy tiid witte de troepen fan Tabini einlings út te brekken fan it fleanfjild, en ek de fersterkings út it noarden arrivearje. De Gilderenegaten moatte de ôftocht blaze, mar like wichtich as de striid tsjin dyselden is it om Machigi-en-dy en de ûngeregelde Edi-troepen útinoar te hâlden. Datoangeande is de oankomst fan Tabini-aiji sels op it striidtoaniel (dy't sûnder dat dat buorkundich makke wie mei syn troepen út Shejidan meireizge wie) foar Bren in hiele gerêststelling, om't hy no de saken út 'e hannen jaan kin. Betrayer einiget as de rêst yn Najida werkeard is. De striid tsjin 'e Gilderenegaten yn 'e Marid giet noch troch, en de ûnderhannelings tusken Machigi, Ilidisidi en Tabini, en tusken de Edi en Gan en de Westlike Assosjaasje binne noch lang net útiten, mar der bestiet alteast goede hope dat ferskate slepende kwestjes no einlings en te'n lêsten út 'e wrâld holpen wurde kinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
De Foreigner-searje | |
---|---|
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence |