Springe nei ynhâld

Beswarring

Ut Wikipedy

In beswarring, ynkantaasje of toverspreuk is in wurd of sin wêrmei't in tsjoender yn mearkes of fantasy in betsjoening plakfine litte kin troch it brûken fan magy. It binne yn 'e regel ûnsinwurden dy't fierders gjin betsjutting hawwe. Ek gûchelders meitsje faak gebrûk fan sokke beswarrings foar harren trúks, hoewol't dêrby fansels gjin echte tsjoenderij plakfynt. Guon bekende beswarrings binne:

  • abrakadabra
  • Sesam, iepenje jo (út it mearke Ali Baba en de Fjirtich Rôvers)
  • simsalabim
  • hokus-pokus of hokus-pokus pilatus pas (út it Latyn: Hoc est corpus meus, sub Pontius Pilatus passus est, "Dit is myn lichem dat ûnder Pontius Pilatus lit hat.")

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.