Springe nei ynhâld

Baba Jaga

Ut Wikipedy
Baba Jaga
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Jaga Baba
sekse froulik
soarte personaazje heks of wâldgeast
nasjonaliteit Russysk
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Ježibaba, Baba Roga
attributen fizel, stamper,
wente op hinnepoaten
ûntstean Midsiuwen?

Baba Jaga is in mytysk wêzen út 'e Slavyske folkloare fan Ruslân en de oare Eastslavyske gebieten, dat de foarm oannimt fan in misfoarme en/of grizelich útsjende âldere frou. Fanwegen har ferskining en har gebrûk fan tsjoenderij wurdt se yn 'e regel beskôge as in heks, mar se soe likegoed in wâldgeast wêze kinne, en guon folkloristen beskôgje har as in froulik archetype, in foarâlderfiguer of in goadinne mei krêften op it mêd fan 'e moanne, winter, slangen, fûgels en/of de ierde. Baba Jaga ferpleatst har yn in reuseftige fleanende fizel, hat in stamper by har en wennet djip yn it wâld yn in hutte dy't op hinnepoaten (of soms ien inkele hinnepoat) stiet. Se is in riedselich figuer mei in grut tal fasetten; sa komt se soms nei foarren as in trickster, soms as in kannibaal en soms as de helpster fan 'e haadpersoanen yn heldeferhalen.

Fariaasjes op 'e namme 'Baba Jaga' komme foar yn it Russysk, it Oekraynsk, it Wytrussysk en it Roeteensk. It earste diel is dúdlik in babbelwurd dat "frou" betsjut, of spesifyk: "âlde frou". Itselde wurd betsjut "beppe" en "âldwyfke" yn sawol it Bulgaarsk as it Servo-Kroätyske taalgebiet. Yn it Russysk komt it wurd babuška, mei de betsjutting "beppe", derút fuort. Yn it Poalsk hat "baba" de negative betsjutting fan "gemien âldwiif" of "lilk âldwiif" of mooglik beide.

It twadde diel fan 'e namme, 'Jaga', is etymologysk folle problematysker en oer de betsjutting dêrfan binne de saakkundigen it net iens. Yn 'e njoggentjinde iuw stelde Aleksandr Afanasjev foar dat dit wurd fuortkomt út it Proto-Slavyske *ǫžь, dat "slange" betsjut en besibbe is oan it Sanskrityske अहि ahi, mei deselde betsjutting. Dizze etymology is sûnt ûnderwerp fan debat ûnder taalkundigen.

Termen dy't besibbe binne oan 'Jaga' komme foar yn ferskate Slavyske talen: Servysk en Kroätysk jeza ("grouwel", "rille"), Sloveensk jeza ("lulkens"), Aldtsjechysk jězě ("heks"), modern Tsjechysk jezinka ("boaze wâldgeast") en Poalsk jędza ("heks" of "fuery"). Yn it Aldtsjerkeslavysk komt itselde wurd foar as jęza of jędza, dat "sykte" betsjut. Yn it Baltyske Litousk, in besibbe Yndo-Jeropeeske taal, komme ferskate besibbe wurden foar: engti ("ûnderdrukke" of "strûpe"), ingti ("loai wurde" of "ferfelje") en ingas ("loai" of "stadich"). Yn 'e Germaanske talen oppenearret him itselde wurd as Aldingelsk inca ("twifel", "noed" of "pine"), Frysk 'ûnk' en Aldnoarsk ekki ("pine" of "noed").

De ierst bekende ferwizing nei Baba Jaga (ûnder de namme Iaga baba) docht him foar yn 'e Rossijskaja Grammatika ("Russyske Grammatika") fan Michail V. Lomonosov, út 1755. Yn dat wurk wurdt se twaris neamd, wêrûnder ien kear yn in list fan Slavyske goaden mei harren ekwivalinten yn 'e Romeinske mytology. By Baba Jaga is lykwols gjin ekwivalint oanjûn, wat har unike karakter rjochtdocht.

Yn 'e folksferhalen oer har wurdt Baba Jaga faak beskreaun mei in stikmannich aparte eigenskippen en attributen. Sa wurdt se gauris 'de meagerskonkige' neamd (Baba Jaga kostjanaja noga), en wannear't se yn har wente oantroffen wurdt, leit se gauris oer de ûne hinne, útstrutsen fan 'e iene hoeke fan 'e hutte oan 'e oare ta. Se ferpleatst har yn in reuseftige fleanende fizel, hat faak in stamper by har en wennet djip yn it wâld yn in hutte dy't op hinnepoaten (of soms ien inkele hinnepoat) stiet en faak allegeduerigen draait. Soms hat se ek in biezem yn 'e hân. Har noas is sa lang dat er soms oant de soudering ta rikt, en se hat in tige skerp rookfermogen, wêrmei't se de 'Russyske geur' (russky duch) fernimt fan 'e personaazjes dy't har opsykje.

De heldinne Vasilisa by de wente fan Baba Jaga (in yllústraasje út 1902 troch Ivan Bilibin).

Yn guon ferhalen is der net ien Baba Jaga, mar ferskynt se as in trio fan frijwol gelikense susters, dy't allegear itselde hjitte. Yn it ferhaal De Fammetsaar, dat yn 'e njoggentjinde iuw troch Aleksander Afanasjev optekene waard, besiket de haadpersoan Ivan de wente fan ien fan 'e Baba Jaga's, dy't syn Russyske geur opmerkt en him freget oft er út frije wil by har kommen is of trochdat him in betsjoening oplein is. Ivan antwurdet dat er foar it meastepart út frije wil kommen is, mar twaris safolle om't him in betsjoening oplein is. Dan freget er Baba Jaga oft se wit wêr't it trijeris tsiende keninkryk leit, mar dat wit se net en dêrop ferwiist se him nei har suster, dy't mooglik mear wit. Ivan reizget nei de twadde Baba Jaga, dy't him itselde freget, dêr't er itselde op antwurdet, en stelt dan op 'e nij syn fraach, mar ek sy wit net wêr't it trijeris tsiende keninkryk leit en ferwiist him nei har suster, dy't mooglik mear wit. Se warskôget him lykwols dat as har suster lulk wurdt, hy har freegje moat om trije hoarnen om op te blazen.

As Ivan by de trêde Baba Jaga oankomt, merkt dy ek wer syn Russyske geur op, foar't se har izeren tosken begjint te slypjen by wize fan risselwaasje om him op te fretten. Ivan freget oft er ûnderwilens ek op har trije hoarnen blaze mei, en dat stiet se him ta. De earste jout mar in sêft lûd, mar de twadde is lûder en de trêde noch lûder. As reäksje op it lûd fan 'e hoarnen komme der fûgels fan alderhanne soarten op 'e hutte fan 'e trêde Baba Jaga ôf, wêrûnder in fjoerfûgel, dy't tsjin Ivan seit dat er him op 'e rêch springe moat as er net opfretten wurde wol troch Baba Jaga. Dat hoecht Ivan net twa kear sein te wurden, dat hy springt by de fûgel op 'e rêch. Baba Jaga stoarmet op 'e fûgel ôf en grypt it bist by de sturt, mar de fjoerfûgel fljocht mei Ivan fuort en de trêde Baba Jaga bliuwt efter mei inkeld in hânfol fearren.

Besibbe figueren en ekwivalinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e folkloare fan 'e Westslavyske Tsjechen en Slowaken komt Ježibaba foar, in figuer dat nau besibbe is oan Baba Jaga, en wierskynlik mei har ôfstammet út in mienskiplik earder personaazje dat teminsten weromgiet op 'e Midsiuwske perioade, en mooglik noch fierder tebek. Nettsjinsteande dat ferskille Baba Jaga en Ježibaba op it mêd fan hoe't se derút sjogge, yn hokfoar ferhalen oft se foarkomme en hokker rollen oft se dêryn spylje. In oar ekwivalint figuer is Baba Roga, dêr't yn Bosnje en Kroaasje eartiids bern mei bangmakke waarden. Soartgelikense figueren besteane yn 'e folkloare fan oare Eastjeropeeske folken, wêrûnder de Bulgaarske gorska majka ("wâldmem"), de Servyske Gvozdenzuba ("Izertosk"), de Kroätyske sumska majka ("wâldmem"), de Sloveenske Baba Pehtra, en de Roemeenske muma padurii ("wâldmem").

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.