Archimedes
Archimedes fan Syrakuse (287-212 f.Kr.) wurdt tsjintwurdich beskôge as de grutste en ferneamdste wis- en natuerkundige fan de Aldheid. De berekkening fan it py-getal en de wet fan Archimedes wurde oan him taskreaun.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Archimedes waard berne yn Syrakuse yn 287 f.Kr. Hy wie soan fan de stjerrekundige Fidias, en hearde by de famylje fan Hiëro II, hearsker fan Syrakuse. Hy studearre yn de wichtige 'universiteitsstêd' Aleksandrje mei syn ferneamde bibleteek, dêr't er learling wie fan Euklides. Hy rekke der befreone mei Eratosthenes.
Nei syn stúdzjes gong er werom nei Syrakuse, en lei him ta op alle ûnderdielen fan de wiskunde en de fysika, dêr't er in master in waard. Hy hâlde him oeral mei dwaande, fan de abstrakte matematika oant de praktyske meganika en de resultaten fan syn ûndersyk skreau er op yn in rige monografyen, dêr't tsien fan bewarre bleaun binne.
Troch de ûntdekking fan de nei him ferneamde wet koed er bewize dat de gouden kroan fan Hiëron ferfalske wie troch in edelsmid, dy't der sulver oan tafoege hie. Neffens de oerlevering soed er - neidat er it teoretyske bewiis levere hie - entûsjast oer strjitte rûn hawwe en raasd hawwe: "Eureka, eureka!" = "Ik haw it (fûn), ik haw it (fûn)!"
Yn syn eigen tiid waard hy benammen sjoen as de útfiner fan allegearre kriichs- en oare tugen, apparaten, hyskranen en katrollen. Ek perfeksjonearre hy de wurking fan de Egyptyske wetterskroef, dy't ek wol de wetterskroef fan Archimedes neamd wurdt.
By de ynname fan Syrakuse troch de Romeinen yn 212 f.Kr. (ûnder de Twadde Punyske Oarloch) waard Archimedes deadien troch in fanatike, mar net neitinkende Romeinske soldaat doe't er drok dwaande wie mei syn tinkwurk.