Springe nei ynhâld

Anita Andriesen

Ut Wikipedy
Anita Andriesen
politikus
echte namme Anita Margaretha Andriesen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 4 juny 1957
berteplak Sint-Anne (Fryslân)
stjerdatum 3 desimber 2008
stjerplak Aldebiltsyl (Fryslân)
etnisiteit Biltsk
partij PvdA
lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 19952002
deputearre fan Fryslân
amtsperioade 20022008

Anita Margaretha Andriesen (Sint-Anne, 4 juny 1957Aldebiltsyl, 3 desimber 2008) wie in politikus fan de Partij van de Arbeid en lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân.

Andriesen waard berne yn 1957 en groeide op yn Sint-Anne. Sy wie foardat sy aktyf waard yn de provinsjale polityk fan Fryslân sekretaris fan de Waddenadviesraad. Yn 1995 waard hja keazen ta lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 2002 waard se deputearre fan de provinsje Fryslân. Andriesen sette har yn foar it behâld fan de kwaliteit fan de romte fan it Fryske lânskip. Se wenne yn de doetiidske gemeente It Bilt.
Andriesen wie troud en hie trije bern. Sy ferstoar op 3 desimber 2008 yn de âldens fan 51 jier leeftiid yn har wenplak Aldebiltsyl oan de gefolgen fan boarstkanker.

Op de seedyk by Swarte Harne waard in monumint foar har oprjochte. Arsjitekt Gunnar Daan hat twa sitbanken makke fan 7,5 meter lang. De beide banken steane oan wjerskanten fan de dyk. Ien bank foar it útsicht oer it Biltske lân en de oare bank oer it waad. Anita Andriesen mocht graach útwaaie en by de dyk lâns rinne.
Ta har oantinken waard yn Appelskea in reade bûk plante.
Ek is der in slûs nei har ferneamd, de Anita Andriesenslûs yn Alde Leie. Alhoewol't de slûs yn de doetiidske gemeente Ljouwerteradiel (sûnt 2018 gemeente Waadhoeke) leit jout dizze slûs, tegearre mei skutslûs Wierstersyl, tagong ta it Biltske part fan de noardlike Alvestêdefarrûte. As deputearre hat se dêrfoar krewearre mei ûnder oaren de belutsen wethâlders.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]