Springe nei ynhâld

Amazing Stories

Ut Wikipedy
Amazing Stories
algemiene ynformaasje
hist. namme Amazing Science Fiction
Amazing Science Fiction Stories
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre science fiction
frekwinsje 1x de moanne (ûnregelmjittich)
bestean 19262005 & 2012 – no
oprjochter Hugo Gernsback
plak haadred. Hillsboro (Nij-Hampshire)
(sûnt 2012; earder yn New York)
útjouwer Experimenter Publishing
ISSN 0279-1706
offisjele webside
amazingstoriesmag.com

Amazing Stories wie in Amerikaansk tydskrift op it mêd fan science fiction-literatuer, dat yn april 1926 oprjochte waard troch de útjouwerij Experimenter Publishing, fan science fiction-auteur Hugo Gernsback. It wie it alderearste blêd dat inkeld oan science fiction wijd wie, en spile in wichtige rol by it ûntstean fan it nije sjenre fan 'e pulpfiksje. Ek foar de karriêre fan guon grutte nammen út 'e Amerikaanske science fiction-literatuer wie it tydskrift krúsjaal. Sa publisearrren skriuwers as Isaac Asimov, Ursula K. Le Guin en Roger Zelazny der allegear harren earste ferhaal yn.

Amazing Stories, wêrfan't de titel gauris ôfkoarte wurdt ta Amazing, waard mei guon ûnderbrekkings hast tachtich jier lang útjûn. De earste kear dat it yn oare hannen oergie, wie yn 1929, doe't Gernsback fajyt gie en it blêd ferkeapje moast. Fan 1931 ôf waarden Amazing en ferskate oare titels útjûn ûnder de Teck-ymprint fan Bernarr Macfadden. Yn 'e Krisisjierren begûn it tydskrift ferlies te meitsjen, en yn 1938 waard it ferkocht oan 'e útjouwerij Ziff-Davis, dy't it nij libben ynblies troch Raymond A. Palmer as haadredakteur oan te stellen. Lykwols wie Amazing doedestiden perfoarst gjin kwaliteitsblêd. Yn 1949 waard Palmer ferfongen troch Howard Browne, dy't mei it idee boarte om 'e kwaliteit te ferheegjen, mar dat late nearne ta. Yn 1952 rjochte Ziff-Davis Fantastic op as de wjergader fan Amazing op it mêd fan 'e fantasy, mar dat blêd koe it súkses fan Amazing nea belykje, en gie úteinlik yn 1980 yn Amazing op.

De edysje fan maart 1961, mei as titelferhaal A Dusk of Idols, fan James Blish.

Oan 'e ein fan 'e fyftiger jierren waard Cele Goldsmith oansteld as haadredaktrise fan sawol Amazing as Fantastic, en ûnder har lieding waarden beide blêden opkallefatere, û.m. om't der troch har persoanlike kontakten mei foaroansteande skriuwers in hiel nij nivo fan ynhâld oanlutsen wurde koe. De beide blêden ûntjoegen har yn dy snuorje ta guon fan 'e oantreklikst útsjende en bêste sjenretydskriften fan Amearika. Goldsmith wie lykwols net by steat en hâldt de algemiene delgong fan 'e ferkeapsifers tsjin, en úteinlik waard Amazing yn 1965 oerdien oan 'e Universal Publishing Company fan Sol Cohen. Under Cohen syn lieding waard allinnich noch werprinte materiaal opnommen, wat finansjeel ferstannich wie, mar Amazing ek yn konflikt brocht mei de doe krekt oprjochte Science Fiction Writers of America, in feriening fan science fiction-skriuwers.

Nei ûnlijige tiden waard oan 'e ein fan 'e jierren sechtich Ted White de haadredakteur, en fan dy tiid ôf waard wer nij materiaal opnommen. Amazing ûntjoech him op 'e nij ta in respektearre kwaliteitsblêd, en waard yn 'e santiger jierren nominearre foar trije prestizjeuze Hugo Awards. Nei't White opholden wie as haadredakteur waard it tydskrift yn 1983 ferkocht oan 'e útjouwerij TSR, en yn 1987 gie it mei TSR oer yn 'e hannen fan 'e Wizards of the Coast, dy't tweintich jier lang tydlingswei besochten om Amazing te fernijen. In lêste besykjen ta reänimaasje troch Paizo Publishing, yn 2004, mocht net bate, en yn maart 2005 ferskynde de lêste papierrene edysje. Yn july 2012 reynkarnearre Amazing Stories as in online-tydskrift.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan Amazing Stories

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Footnotes en References op dizze side.