Springe nei ynhâld

Amarok (audiospiler)

Ut Wikipedy
Amarok

In skermprint fan Amarok, mei spyllistblêder en de OSD en it optionele spilerfinster.

Untwikkelder It Amarok-tiim
Platfoarm Unix-like
Kategory Audio player
Lisinsje GNU General Public License
Webstee amarok.kde.org

Amarok[1] is in iepenboarne muzykspiler foar Linux of oare fariaasjes fan Unix. Hy makket gebrûk fan de haadkomponinten fan K Desktop Environment, mar wurdt ûnôfhinklik fan KDE útjûn.

Amarok brûkt grafysk materiaal, dat in soad mei wolven te krijen hat. De namme "amarok" of "amaroq" ferwiist literêr nei it Inuktitut wurd foar wolf. It wie oarspronklik neamd nei it album 'Amarok fan Mike Oldfield. De 1.2 útjefte hie orizjineel in wolf byldkaike, mar dat is letter feroare fan wegen in tegrutte likenis mei it logo fan WaRP Graphics. It Inc. Amarok's wolf-logo is no sa oanpast dat it net mear botst mei it WaRP's trademarked logo.

Oarspronklik skreaun amaroK, is dat yn juny 2006 omneamd nei Amarok.

It projekt is troch Mark Kretschmann begûn om XMMS te ferbetterjen, dat net goed wurke. De orizjinele amaroK wie makke nei it idee fan twa panielen lykas yn Midnight Commander en de earste ferzje fan Kretschmann wie basearre op it ideaal dat de brûker muzykslepe koe nei de ynterfaasje, dêr't de spyllist rjochts en de ynformaasje lofts yn werjûn waard.

Nei de earste útjefte fan amaroK, kamen der mear ûntwikkelders by it projekt, dy ûntwikkelders wurden tegearre mei Mark Kretschmann ek wol de "trije M's" neamd. De earste nije M komt fan Max Howell dy't it projekt as ynterfaasje-ûntwerper en programmeur tsjinne en neist him wie Muesli (Christian Muehlhaeuser) ferantwurdlik om de ynterfaasje logysk foarm te jaan. Boppedat naam er in diel fan it programmearjen op him.

Untwikkelingsdoelstellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amarok's biedwurd is "Rediscover Your Music" en de ûntwikkeling is dêr omhinne basearre. Amarok's haadfunksjes, lykas de unike "kontekstblêder" dy't it sykjen yn Wikipedia mei it ynladen fan sjongteksten yntegrearret, helpe de brûker om nije muzyk te ûntdekken en om mear ynformaasje te garjen oer de eigen muzyk. Amarok komt ek mei last.fm, dêrmei jout er de brûker in grutte kar út muzyk mei dêroan taheakke suggestjes fan nije muzyk dy't miskien ek by it gefoel fan de brûker past. Boppedat kin der ek fergees mei de Magnatune-yntegraasje nei de muzyk út de katalogus lústere en DRM-frij kocht wurde.

Basisbrûkme en funksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amarok is mear as allinne mar muzykôfspyljen, Amarok kin in muzykbiblioteek beheare en sortearje neffens artyst, kategory en album. Ek kinne der oan de measte muzykformaten notysjes taheakke wurde. Sa kinne grafysk materiaal, artyst en album mei-inoar assosjearre wurde en sjongteksten taheakke. Boppedat kin muzyk automatysk op noaten setten wurde.


Hjirûnder steane de haadfunksjes foar Amarok:

  • It ôfspyljen fan mediatriemmen yn de ferskate formaten: (ôfhinklik fan de opset) FLAC, Ogg, MP3, AAC, WAV, Windows Media Audio, Apple Lossless, WavPack, TTA and Musepack. Amarok spilet gjin muzyktriemmen ôf dy't DRM befetsje.
  • In merk jaan oan in digitale muzyktriem (op dit stuit FLAC, Ogg, WMA, AAC, MP3, en RealMedia).
  • Foarkant assosjearje mei in bepaald album en foarkanten ophelje fan Amazon
  • Spyllisten oanmeitsje en bewurkje, ynklusyf tûke en dynamyske spyllisten.
  • Syngroanisearje, ophelje, ôfspylje, of muzyk lade op de folgjende mp3-spilers: iPod, iriver iFP, Creative NOMAD, Creative ZEN, MTP, Rio Karma en USB apparaten mei VFAT (algemiene MP3-spilers).
  • It werjaan fan artyste-ynformaasje fan Wikipedia en it opheljen fan sjongteksten.
  • Last.fm stypje, ynklusyf it ôfspile spoar ynstjoere (mei dat ôfspile op guon mp3-spilers) nei Last.fm, it opheljen fan gelikense artysten en it ôfspyljen fan Last.fm streamen.
  • Podcast

Mei ferzje 1.4.4, hat Amarok yntegraasje mei Magnatune krigen, in muzykwinkel sûnder DRM. Soks jout de brûkers de mooglikheid om muzyk te keapjen yn de Ogg, FLAC, WAV en MP3 formaten. Guon funksjes wurkje allinne, as de programma's of biblioteken dêr't se op leune, ynstallearre binne.

Skermprint fan de Neon-tsjinst.

De folgjende ferzje fan Amarok, ferzje 2.0, wurdt no ûntwikkele. It Amarok-tiim is begûn om nachts in tsjinst neamd Neon te bouwen.[2] De folgjende ferzje sil de KDE 4 technology brûke. Lykas Phonon foar audio en Solid foar ynteraksje fan tapassings, mei dêrby folop gebrûk fan SVG en Plasma foar de nije ynterfaasje. Amarok sil better yntegrearje mei online-tsjinsten dy't no al Magnatune, Jamendo, Ampache en MP3tunes stypje. In robúst systeem sil it taheakjen fan de stipe foar oare tsjinsten folle makliker meitsje.[3] Dizze ferzje sil stipe foar Windows en Mac OS X taheakje.[4]

Kleur Utlis
Read Ferzje net langer stipe
Grien Ferzje noch stipe
Blau Takomstige ferzje
Haadferzje Koadenamme Underferzje Ferzjedatum Opmerkings
0.5 Wocka 0.5.0 2003-06-23 Begjinferzje
0.6 ?? 0.6.0 2003-09-20 ??
0.7 ?? 0.7.0 2003-11-16 Stipe foar ûnderlinge "fading" en it oanpassen fan kolommen.
1.0 ?? 1.0.0 2004-06-17 Added searchable 'collection'; triemblêder; (hoes)foarkanten fan Amazon en statistiken.
1.1 I am a rock 1.1.0 2004-09-27 Song-beoardieling taheakke en stipe foar Xine, MAS and K3b.
1.2 ?? 1.2.0 2005-02-14 Stipe foar iPods, Audioscrobbler, MySQL en ferlykbere blêders.
1.3 Airborne 1.3.0 2005-08-14 Nije spyllistblêder; wurk oan de ynterfaasje; dynamyske spyllisten; stipe foar podcasts; relative paths in playlists; playlist queue; Wikipedia-yntegraasje en "cuesheets".
1.3.9 2006-03-26 Helix en GStreamermasine; moaiere ynterfaasje; wurk oan podcast-stipe.
1.4 Fast Forward 1.4.0 2006-05-17 Ferbettere stipe foar mobiletsjinsten; wurk oan ûnthâldgebrûk en ynterfaasje- ûntwerp; yntegraasje fan Last.FM yn de kontekstblêder; weromspylje sûnder haperjen mei Xine; lyrics now fetched with scripts; fiergeande Wikipedia-yntegraasje, CD ripping troch slepen; ferbettere oanstjoering fan podcasts.
1.4.1 2006-07-02 Ferbettere presentaasje en brûkberens; namme feroare fan amaroK ta Amarok, Last.FM streams; beoardieling troch teksten.
1.4.2 2006-08-22 DAAP kliïnt; MTP mediatapassing stipe; dynamyske kolleksje; gebrûk fan Last.FM stasjons.
1.4.3 2006-09-05 AFT (Amarok File Tracking).
1.4.4 2006-10-30 Magnatune-yntegraasje; 3 ferskate manieren fan "crossfading" mei Xine- en helix-masine.
1.4.5 2007-02-04 SHOUTcast streamen, labels.
1.4.6 2007-06-21 Nije ikoanen taheakke en stipe foar "Rockbox".
1.4.7 2007-08-13 Ikoanen fernijd en "Cool Streams".
1.4.8 2007-12-20 Taheakke/ferbettere stipe foar de nijste iPods (dy't libgpod3 brûke): 6th-Generation iPod Classic, 3rd-Generation iPod Nano, iPod Touch
1.4.9 2008-04-09 Allinne útkaam yn Kubuntu. Der ûntbriek in reparasaasje fan in wichtige brek, dêrom waard er direkt ferfongen troch 1.4.9.1
1.4.9.1 2008-04-12 Fernijde oersettings en brekreparaasjes.
1.4.10 2008-08-13 Tige wichtige feilichheidsfernijing
2.0 In the beginning 2.0.0 2008-12-10 Kompleet "redesign" fan de ynterfaasje; increased graphical features, KDE 4 support, earste (noch net stabile) ferzje foar Microsoft Windows en Mac OS X[5]
Magellan 2.0.1.1 2009-01-11 Syk- en filtermooglikheid yn de spyllist; reintroduction of queueing and stopping after track.

(Direkt ferfongen troch 2.0.1, nei't yn de begjinferzje in feilichheidsbrek fûn waard)[6]

Only Time Will Tell 2.0.2 2009-03-05 Brek- en stabiliteitsreparaasjes.[7]
2.1 Let There be Light 2.1.0 2009-06-03 Native Replay Gain support, a refactoring of context view, a playlist layout editor, and Amarok URLs and bookmarks[8]
Oceania 2.1.1 2009-06-17 Benammen brek- en stabiliteitsreparaasjes[9]
2.2 Sunjammer 2.2.0 2009-10-01 Layout editing, photo and video plasmoids, breadcrumb navigation in the collection browser, and much improved sorting and editing in the playlist[10]
Weightless 2.2.1 2009-11-16 Faster collection scanner, podcast grouping, autofetching podcasts, SMB(samba) support in playlist[11]
Maya Gold 2.2.2 2010-01-11 Moodbar support, custom labels for music, podcast refinements, and many bugfixes[12]

Berjocht:Portal

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Amarok: Call for Jingle, July 06 2007.
  2. Project Neon | Amarok
  3. ljubomir.simin - Amarok Weekly Newsletter - Issue 10
  4. More good news for Windows Amarok users-to-be - Amarok Blog
  5. http://ljubomir.simin.googlepages.com/awnissue10 full list here
  6. http://amarok.kde.org/en/releases/2.0.1.1 full list here
  7. http://amarok.kde.org/en/releases/2.0.2 2.02 release notes
  8. http://amarok.kde.org/en/releases/2.1
  9. http://amarok.kde.org/en/releases/2.1.1
  10. http://amarok.kde.org/en/releases/2.2
  11. http://amarok.kde.org/en/releases/2.2.1
  12. http://amarok.kde.org/en/releases/2.2.2

Eksterne ferwizings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Amarok