Alpe d'Huez
Appearance
Alpe d'Huez is in skyoard yn de Frânske Alpen op in hichte fan 1860 meter. It is foaral bekend wurden as oankomstplak fan in swiere berchetappe yn de Omgong fan Frankryk.
De Nederlânske hurdfytsers wienen eartiids wol gauris suksesfol op Alpe d'Huez. Fan de 25 oankomsten wienen acht kear de Nederlanners winner. Hennie Kuiper, Joop Zoetemelk en Peter Winnen wûnen de etappe sels twa kear. De lêste Nederlanner dy't wûn wie Gert-Jan Theunisse yn 1989.
Sûnt 2006 is Alpe d'Hues elts jier ek it oankomstplak fan de Alpe d'HuZes, in sponsorevenemint om jild yn te sammeljen foar de KWF kankerbestriding.