Adriaan van der Meulen
Adriaan van der Meulen | ||
politikus | ||
Mr. A.A.M. van der Meulen, Keninginne Juliana en Prins Bernhard (1950) | ||
echte namme | Adriaan Anne Marie van der Meulen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 5 febrewaris 1901 | |
berteplak | It Hearrenfean | |
stjerdatum | 10 oktober 1993 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | SDAP/PvdA | |
boargemaster fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 1946 - 1966 | |
foargonger | Jacob Algera (wnd.) | |
opfolger | Willem Harmsma |
Adriaan Anne Marie van der Meulen (It Hearrenfean, 5 febrewaris 1901 – Ljouwert, 10 oktober 1993) wie in Fryske politikus út namme fan de SDAP en letter de PvdA.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan Pieter van der Meulen (1866-1958; belestingynspekteur) en Maria Judith Klinkenberg (1871-1966). Yn 1924 studearre er ôf yn de rjochten oan de Ryksuniversiteit Utert en dêrnei waard er abbekaat yn Ljouwert. Yn dy stêd wied er ek aktyf yn de SDAP. Yn 1931 kaam er foar de SDAP yn de gemeenteried fan Ljouwert en in pear jier letter waard er boppedat lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fan 1942 ôf siet er fêst as gizeler yn it Kamp Sint-Michielsgestel.
Nei de befrijing waard er wethâlder yn Ljouwert en boppedat wie er fan septimber 1945 ôf in jier riedshear by it Bysûnder Gerjochtshof yn Ljouwert.
Van der Meulen waard maart 1946 beneamd ta boargemaster fan Ljouwert. Tweintich jier letter gie er mei pensjoen, mar bleau yn Ljouwert wenjen. Yn 1993 stoar er dêr yn de âldens fan 92 jier.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Adriaan van der Meulen fan Wikimedia Commons. |