Springe nei ynhâld

Ace Books

Ut Wikipedy
Ace Books
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1952
oprjochter Aaron A. Wyn
eigner Penguin Group
mem Berkley Books
offisjele webside
us.penguingroup.com/ace

Ace Books is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. It is de âldste aktive útjouwerij dy't spesjalisearre yn 'e publikaasje fan romans en novellen yn 'e sjenres science fiction en fantasy.

Ace Books waard yn 1952 oprjochte troch útjouwer en redakteur Aaron A. Wyn en begûn syn bestean mei de útjefte fan detektiveromans en westerns. Al mei gauwens waarden ek oare sjenres oansnien, wêrûnder non-fiksje, Goatyske romans en romantyk. De earste science fiction-roman waard yn 1953 útjûn en al binnen inkele jierren brocht Ace Books mear science fiction- en fantasytitels op 'e merk as detektiveromans en westerns mei-inoar.

Tegearre mei konkurrint Ballantine Books wie Ace Books yn it earste desennium fan syn bestean de wichtichste science fiction- en fantasy-útjouwer fan 'e wrâld. Nei de dea fan Aaron Wyn, yn 1967, rekke it mei de útjouwerij lykwols yn it neigean. Yn 1972 waard Ace oernommen troch Grosset & Dunlap en lettere fúzjes en oernames resultearren deryn dat it úteinlik in ymprint waard fan Berkley Books, dat wer in ûnderdiel fan 'e Britske Penguin Group waard. It útjouwerstiim dat de útjeften fan Ace Books fersoarget, is teffens ferantwurdlik foar in oare Penguin-ymprint, Roc Books, al hawwe de beide hannelsmerken fierders beide in selsstannige identiteit beholden.[1]

Ut Ace Books binne ferskate fan 'e oare wichtige útjouwerijen op it mêd fan science fiction en fantasy ûntstien. Sa ferliet yn 1971 útjouwer en redakteur Donald A. Wollheim Ace om syn eigen útjouwerij, DAW Books, te begjinnen, wylst yn 1980 Tom Doherty by Ace wei gie om Tor Books op te rjochtsjen. Ek Jim Baen wurke jierrenlang by Ace en dêrnei by Tor, ear't er yn 1983 mei Baen Books úteinsette.

Op it mêd fan science fiction en fantasy hat Ace Books yn syn begjinjierren it wurk útjûn fan grutte nammen lykas Robert E. Howard, de geastlike heit 'e held Conan de Barbaar, en ek hjoed de dei noch wurde der tige goed ferkeapjende titels publisearre ûnder de Ace-ymprint, lykas de boeken fan Patricia Briggs, Jim Butcher, Jack Campbell en Mike Shepherd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Amberstone, Celu, An Interview with Editor John Morgan 2005.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.