3 septimber is de 246e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 247e). Der folgje noch 119 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
- 401 f.Kr. - Yn 'e Slach by Kûnaksa, yn Mesopotaamje, wurde de opstannelingen fan 'e Perzyske prins Syrus de Jongere ferslein troch it leger fan syn âldere broer, kening Artakserkses II. Syrus komt om en dêrmei rint syn opstân op 'e non. In grutte kloft Grykske hierlingen yn 'e tsjinst fan Syrus de Jongere, dy't harsels de Tsientûzen neame, sette útein mei in wapene weromtocht dwers troch it Perzyske Ryk hinne nei de kust fan 'e Swarte See. Under harren is Ksenofon, dy't de tocht letter legindarysk meitsje sil troch syn beskriuwing yn 'e Anabasis.
- 301 - San Marino wurdt stifte troch Sint Marinus
- 1189 Richard I fan Ingelân wurdt kening
- 1607 - It stedsbestjoer fan Dokkum beslút ta de bou fan it stedhûs.
- 1658 - Oliver Cromwell stjert en wurdt as 'Lord Protector' opfolge troch syn soan Richard.
- 1728 - Matthew Boulton, stoomyngenieur, te Birmingham, Feriene Keninkryk
- 1783 - De Frede fan Versailles wurdt tekene, de definitive ein fan de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch.
- 1906 - De Feriening Natuermonuminten docht syn earste oankeap, de Naardermar.
- 1939 - Grut-Brittanje en Frankryk ferklearje nazi-Dútslân de oarloch, it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch.
- 1943 - Twadde Wrâldoarloch: ynvaazje fan Itaalje troch alliearde troepen.
- 1966 - Earste útstjoering fan de populêre telefyzjesearje Ja Suster, Nee Suster.
- 1967 - Sweden giet oer fan links- nei rjochtsriden.
- 1976 - Fiking 2 lannet op Mars.
- 1499 - Diana fan Poitiers, Frânsk ealfrouwe en mêtresse Hindrik II fan Frankryk († 1566)
- 1695 - Pietro Locatelli, Italjaansk komponist en fioelist († 1764)
- 1844 - Sofia Andrejevna Behrs, Russysk skriuwster († 1919)
- 1875 - Ferdinand Porsche, Eastenryksk autofabrikant († 1955)
- 1905 - Sybout Jacob Nijdam, keatspionier en ûnderwiisman († 2005)
- 1920 - Folkert de Roos, Nederlânsk heechlearaar ekonomy († 2000)
- 1922 - Coen Bekink, Nederlânsk arsjitekt (* 1922)
- 1922 - Hendrik Willem ter Haar, Frysk geriater († 2012)
- 1935 - Otto Ketting, Nederlânsk komponist († 2012)
- 1968 - Lolkje Hoekstra, Frysk skriuwster
- 1972 - Tim Lobinger, Dútsk atleet († 2023)
- 1979 - Mel McLaughlin, Australysk sportferslachjouster en presintatrise
- 1989 - Ashley Hobbs, Amerikaansk neakenmodel
- 401 f.Kr. - Kleärchus fan Sparta, Spartaansk generaal (* 450 f.Kr.)
- 401 f.Kr. - Syrus de Jongere, Perzysk prins en opstanneling (* nei 424 f.Kr.)
- 1658 - Oliver Cromwell, beskermhear fan Ingelân (* 1599)
- 1883 - Ivan Toergenjev, Russysk skriuwer (* 1818)
- 1984 - Hendrik van Eikema Hommes, Frysk heechlearaar filosofy en rjochtsgeleardheid (* 1930)
- 2001 - Pauline Kael, Amerikaansk filmkritika (* 1919)
- 2002 - Dirk ter Haar, Nederlânsk-Ingelsk natuerkundige (* 1919)
- 2011 - Finn Helgesen, Noarsk reedrider (* 1919)
- 2012 - Sun Myung Moon, Súdkoreaansk sektelieder (* 1920)
- 2012 - Michael Clarke Duncan, Amerikaansk akteur (* 1957)
- 2017 - Theo Sontrop, Nederlânsk dichter, letterkundige en útjouwer (* 1931)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|