Mallemok
De Mallemok (Fulmarus glacialis) is in fûgelsoarte út it skaai fan de Mallemokken (Fulmarus) yn it skift fan de Mokeftigen (Procellariiformes). Yn it earste oankommen liket de fûgel op Miuwen (Lares), mar de Mallemok heart ta de famylje fan de Mokfûgels (Procellariidae), en beide famyljes hearre ta ferskillende skaaien. De soarte is griis en wyt mei in giele snaffel, de lingte is 43-52 sm en de spanwiidte 101-117. Fan de Mallemok bestiet sawol in donkere as in ljochte kleurfariaasje.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Mallemok hjit yn it Frysk ek wol fan Mâlemok, Mok, Seemok, Stoarmmok of Unwaarsfûgel; yn it Noardfrysk: Malmuk, Deensk: Mallemuk, Nederdútsk: Ies-stormvagel, Dútsk: Eissturmvogel, Nederlânsk: Noordse stormvogel, Ingelsk: Northern Fulmar.
Briedseizoen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mallemokken briede op kliffen; se lizze ien aai op de rûge stiennen of yn in hoaltsje fan plantaardich materiaal. Nesteljende fûgels en jongen kinne in akelich rûkende maachoalje oant twa meter fier spuitsje om sa ynkringers op ôfstân te hâlden. As fûgels it op harren fearren krije, wurde dy dêrtroch slim beskeadige, wat ta ferlies fan fleanfermogen en úteinlik de dea liede kin. Op dizze wize kin de Mallemok him effektyf tsjin rôvers lykas Jagers ferwarre.
Fiedsel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûten it briedseizoen binne it folslein oseaanfûgels, dy't har fiede mei fisk en fiskôffal. Resint ûndersyk om de Noardsee hat útwiisd dat mallemokken gefoelich binne foar plestik swalkôffal op see, dat him ophopet yn it spiisfertarringsysteem fan de fûgels. Yn de 20e iuw hat de soarte him wol útwreidzje kind troch de taname fan de kommersjele fiskerij en dêrby frijkommende beskikberheid fan fiskkôffal. Gefoelichheid for klimaatferoaring, in ôfname fan de fiskerij yn de Noardsee en in tanamme fan fersmoarging soene der ta liede kinne dat de soarte efterút giet.
Fleanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas oare Mokeftigen kin de Mallemok net sa goed rinne, mar it binne treflike fleanders, mei frij stive, rjochte wjukken, wat harren fan de Miuwen ûnderskiedt. Se hawwe in dikke bolle nekke en in relatyf koarte snaffel. De libbensferwachting is heech; it is net ûngewoan dat se fjirtich jier âld wurde.
De Mallemok kin it hiele jier troch oan de Fryske en Nederlânske Noardseekust sjoen wurde, mar foaral nei in perioade mei oanlannige, stoarmeftige wyn yn de hjerst, soms mei hûnderten, meastal in pear oant tsientallen. Hy kin mei de Sulverkob betize wurde; in Sulverkob hat lykwols swarte wjukpunten en in Mallemok net en fierders fleane de twa soarten hiel ferskillend.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd
- Wikiwurdboek-side - Mallemok
-
Mallemok op it Noarske fûgeleilân Runde.
-
Fulmarus glacialis
- Fûgelsoarte
- Mokfûgel
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Spitsbergen
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Yslân