Dieren
Dieren | ||
Biodiversiteit fan it bisteryk. | ||
Taksonomy | ||
domein: | eukaryoaten (Eukaryota) | |
ryk: | dieren (Animalia) | |
Linnaeus, 1758 | ||
De dieren of bisten (Latynske namme: Animalia) foarmje yn 'e taksonomyske yndieling fan libbene organismen in ryk, dat yn 'e mande mei de riken fan 'e planten (Plantae), skimmels (Fungi), protisten (Protista) en guon lytsere groepen organismen it domein of bopperyk fan 'e eukaryoaten (Eukaryota) opmakket. (De eukaryoaten steane dan wer op ien hichte mei de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea).)
Dieren binne rjusellige organismen dy't foar it meastepart mobyl binne, wat sizze wol dat se har spontaan en ûnôfhinklik bewege kinne. Harren lichemsfoarm berikt op in beskaat stuit yn harren libben it punt dat it in fêste foarm kriget (ophâldt mei groeien), al binne der guon soarten dy't letter yn it libben in proses fan metamorfoaze trochmeitsje. Alle dieren binne heterotroof en moatte dus oare libbene (of deade) organismen opite om harsels fan enerzjy te foarsjen, dy't se frijmeitsje troch in reäksje mei soerstof. Biologysk sjoen is de minske gewoan ien fan 'e withoefolle bistesoarten.
Fan 'e measte groepen dy't tsjintwurdich ta de dieren rekkene wurde, geane de fossile (foar-)foarmen tebek oant de saneamde Kambryske Eksploazje, sa'n 542 miljoen jier lyn. De bekenste groepen bisten (dy't it bekendst binne om't de soarten dy't derta hearre it grutst fan stal binne) hearre ta de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata) en dêrbinnen ta de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata). Dy groepen binne û.m. de sûchdieren, reptilen, fûgels, fisken en amfibyen. Oare grutte groepen binne de lidpoatigen (mei û.m. de ynsekten, spineftigen, kreefteftigen en tûzenpoatigen), de ferskate groepen wjirms, de weakdieren, de spûnsdieren en de kwabben.
It diereryk kin yn trije haadgroepen yndield wurde op grûn fan kompleksiteit en it al of net besitten fan beskate lichaamlike skaaimerken:
- spûnsdieren (Parazoa)
- muldieren (Mesazoa)
- orgaandieren (Eumetazoa)
In yngeandere, taksonomyske ûnderferdieling wurdt hjirûnder jûn.
Klassifikaasje fan dieren
- ryk dieren (Animalia)
- ûnderryk sturtselligen (Choanozoa)
- stamme sturtselligen (Choanoflagellata)
- ûnderryk echte dieren (Metazoa)
- tuskenryk spûnsdieren (Parazoa)
- stamme plakdieren (Placozoa)
- stamme spûnzen (Porifera)
- rangleas tuskentakson weefseldieren (Eumetazoa)
- tuskenryk radiaaldieren (Radiata)
- stamme netteldieren (Cnidaria)
- stamme ribkwabben (Ctenophora)
- tuskenryk twasidigen (Bilateria)
- boppestamme termleazen (Acoelomorpha)
- stamme echte termleazen (Acoela)
- stamme snoerhûdigen (Nemertodermata)
- rangleas tuskentakson termdieren (Nephrozoa)
- boppestamme nijmûnigen (Deuterostomata)
- stamme rêchstringdieren (Chordata)
- ûnderstamme manteldieren of sturtgorda's (Tunicata, foarhinne Urochordata)
- klasse mantelfiskjes (Appendicularia)
- klasse salpen (Thaliacea)
- klasse sekpipen (Ascidiacea)
- klasse sorberaten (Sorberacea)
- ûnderstamme plasseleazen of kopgorda's (Cephalochordata)
- klasse lansetfiskjes (Leptocardii)
- ûnderstamme wringedieren (Vertebrata)
- incertae sedis (yndieling ûnwis)
- boppeklasse kaakleaze fisken (Agnatha)
- klasse Anaspida †
- klasse Cephalospidomorphi †
- klasse Conodonta †
- klasse njoggeneagen en sibben (Petromozontida of Hyperoartia)
- klasse Pteraspidomorphi †
- klasse slymnjoggeneagen (Myxini)
- klasse Thelodonti †
- boppeklasse kaakleaze fisken (Agnatha)
- tuskenstamme kaakdieren (Gnathostomata)
- incertae sedis (yndieling ûnwis)
- klasse kreakbienfisken (Chondrichthyes)
- klasse pânserfisken (Placodermi) †
- klasse stikelhaaien (Acanthodii) †
- boppeklasse bienfiskeftigen (Osteichthyes)
- klasse kwastfinnigen (Sarcopterygii)
- klasse strielfinnigen (Actinopterygii)
- boppeklasse fjouwerpoatigen (Tetrapoda)
- klasse amfibyen (Amphibia)
- rangleas tuskentakson sauropsiden (Sauropsida)
- rangleas tuskentakson synapsiden (Synapsida)
- klasse sûchdieren (Mammalia)
- incertae sedis (yndieling ûnwis)
- incertae sedis (yndieling ûnwis)
- ûnderstamme manteldieren of sturtgorda's (Tunicata, foarhinne Urochordata)
- rangleas tuskentakson krûpwjirms (Ambulacraria)
- stamme ikelwjirms (Hemichordata)
- stamme riedselwjirms (Xenoturbellida)
- stamme stikelhûdigen (Echinodermata)
- stamme rêchstringdieren (Chordata)
- boppestamme oermûnigen (Protostomata)
- stamme pylkwjirms (Chaetognatha)
- rangleas tuskentakson ferfellingsdieren (Ecdysozoa)
- stamme beardieren (Tardigrada)
- stamme ferwielwjirms (Onychophora)
- stamme hynstehierwjirms (Nematomorpha)
- stamme korsetdieren (Loricifera)
- stamme lidpoatigen (Arthropoda)
- ûnderstamme gifkakigen (Chelicerata)
- klasse degenkrabben (Merostomata)
- klasse seeskorpioenen (Eurypterida) †
- klasse seespinnen (Pycnogonida)
- klasse spineftigen (Arachnida)
- ûnderstamme ynsekten (Insecta)
- ûnderstamme kreefteftigen (Crustacea)
- ûnderstamme tûzenpoatigen (Myriapoda)
- ûnderstamme gifkakigen (Chelicerata)
- stamme peniswjirms (Priapulida)
- stamme rûnwjirms (Nematoda)
- stamme stikelwjirms (Kinorhyncha)
- rangleas tuskentakson platwjirmeftigen (Platyzoa)
- stamme bûkhierrigen (Gastrotricha)
- stamme heakwjirms (Acanthocephala)
- stamme krânsdieren (Cycliophora)
- stamme lytstoskdieren (Micrognathozoa)
- stamme platwjirms (Platyhelminthes)
- stamme rêddieren (Rotifera)
- stamme toskmûlwjirms (Gnathostomulida)
- rangleas tuskentakson kaamkrânsdieren (Lophotrochozoa)
- rangleas tuskentakson kaamdieren (Trochozoa)
- stamme ringwjirms (Annelida)
- stamme slurfwjirms (Echiura)
- stamme snoerwjirms (Nemertea)
- stamme weakdieren (Mollusca)
- rangleas tuskentakson tentakelkrânsdieren (Lophophorata)
- stamme earmpoatigen (Brachipoda)
- stamme hoefizerwjirms (Phoronida)
- stamme moasdieren (Bryozoa)
- stamme tsjelkwjirms (Entoprocta)
- rangleas tuskentakson kaamdieren (Trochozoa)
- boppestamme nijmûnigen (Deuterostomata)
- boppestamme termleazen (Acoelomorpha)
- tuskenryk radiaaldieren (Radiata)
- tuskenryk spûnsdieren (Parazoa)
- ûnderryk sturtselligen (Choanozoa)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|