Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy

(Trochferwiisd fan VVD)

De Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy, Nederlânsk: Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD), is in liberale partij yn Nederlân.

Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy
Ofkoarting VVD
Partijlieder Dilan Yesilgöz-Zegerius
Partijfoarsitter Eric Wetzels
Fraksjelieder
Twadde Keamer
Sophie Hermans
Fraksjelieder
Earste Keamer
Annemarie Jorritsma
Delegaasjelieder
Europeesk Parlemint
Malik Azmani
Sitten yn
Twadde Keamer
Sitten yn
Earste Keamer
Sitten yn
Provinsjale Steaten
Sitten yn
Europeesk Parlemint
Oprjochte 24 jannewaris 1948
Fúzje fan Partij fan de Frijheid en Komitee-Oud
Rjochting Sintrumrjochts
Ideology Konservatyf-liberalisme
Ledetal 25.035 (2021)
Jongereinorganisaasje JOVD
Europeeske partij Partij fan de ALDE
Europeeske fraksje ALDE
Ynternasjonaal LI
Webstee www.vvd.nl

De partij waard oprjochte op 24 jannewaris 1948 út in geargean fan de Partij fan de Frijheid en de saneamd groep-Oud, dy't yn oktober 1947 út de Partij fan de Arbeid stapt wie. De VVD wol as liberale partij it ferieningspunt wêze fan "alle Nederlanners, dy't de oertsjûging hawwe dat frijheid, ferantwurdlikheid, ferdraachsumheid en sosjale gerjochtichheid de fûneminten hearre te wêzen fan elke mienskip".

VVD Fryslân

bewurkje seksje

Yn de provinsje Fryslân is de oanhing fan de VVD tusken 1956 en 1974 groeid fan 8,4 % nei 11,8%. Yn de jierren '70 bleau de elektoarale groei fan de VVD provinsjaal efter by de lanlike tendins. Dit kin gearhingje mei in fêstere bining fan de Fryske kiezers mei de eigen partij, wêrtroch 't politike ferskowings hjir minder yngripend binne. Oan de oare kant wie by de Steateferkiezings de konkurrinsje fan de FNP in mooglike faktor. Gemeenten dêr't de VVD by de Steateferkiezings fan 1974 measr as 15% fan de stimmen helle wienen Skylge (34%), Flylân (13,7%), It Amelân (24,4%), Skiermûntseach (18,9%), Weststellingwerf (17,2%), Baarderadiel (16%) en Utingeradiel (15,1%).

Gemeentlik arbeidet de VVD faak op mei oare (benammen RK) politike minderheden ûnder de namme 'gemeentebelangen'. Troch de groei by Keamer- en Steateferkiezings yn 1972 en 1974 waard it yn in oantal fan dizze gemeentes mooglik, mei in eigen VVD-list út te kommen.

By de gearstalling fan it provinsjaal bestjoer wurke de lanlik sterke tsjinstelling tusken PvdA en VVD minder dúdlik: sûnt 1970 makket de VVD-er Lammert Hilarides diel út fan it Koleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân, dêr't ek PvdA-ers in sit hawwe.

Fertsjintwurdiging Twadde Keamer

bewurkje seksje
  • 1948: 7,9 % – 8 sitten
  • 1952: 8,8 % – 9 sitten
  • 1956: 8,8 % – 9 sitten (nei fergrutting TK fan 100 nei 150 sitten: 13)
  • 1959: 12,2 % – 19 sitten
  • 1963: 10,3 % – 16 sitten
  • 1967: 10,7 % – 17 sitten
  • 1971: 10,3 % – 16 sitten
  • 1972: 14,4 % – 22 sitten
  • 1977: 17,9 % – 28 sitten
  • 1981: 17,3 % – 26 sitten
  • 1982: 23,1 % – 36 sitten
  • 1986: 17,4 % – 27 sitten
  • 1989: 14,6 % – 22 sitten
  • 1994: 20,0 % – 31 sitten
  • 1998: 24,7 % – 38 sitten
  • 2002: 15,4 % – 24 sitten
  • 2003: 17,9 % – 28 sitten
  • 2006: 14,7 % – 22 sitten
  • 2010: 20,5 % – 31 sitten
  • 2012: 26,5 % – 41 sitten
  • 2017: 21,3 % - 33 sitten
  • 2021: 21,9 % - 34 sitten
  • 2023: ? % - 24 sitten

Boargemasters (2023)

bewurkje seksje

Provinsje Fryslân:

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: