Slymnjoggeneagen

(Trochferwiisd fan Slymnjoggeneagen (klasse))

De slymnjoggeneagen (Latynske namme: Myxinidae) foarmje de iennichste famylje yn it skift fan 'e slymnjoggeneagen (Myxiniformes) en yn 'e klasse fan 'e slymnjoggeneagen (Myxini of Hyperotreti). As klasse meitsje se ûnderdiel út fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de boppeklasse fan 'e kaakleaze fisken (Agnatha). Slymnjoggeneagen binne iel-foarmige, slymôfskiedende seefisken. Se binne de iennichste libbene organismen dy't wol in plasse, mar gjin wringe hawwe.

Slymnjoggeneagen
In Pasifyske slymnjoggeneach (Eptatretus stoutii).
In Pasifyske slymnjoggeneach (Eptatretus stoutii).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
boppeklasse: kaakleaze fisken (Agnatha)
(sûnder rang): rûnmûnigen (Cyclostomata)
klasse: slymnjoggeneagen (Myxini)
skift: slymnjoggeneagen (Myxiniformes)
famylje: slymnjoggeneagen (Myxinidae)
Rafinesque, 1815

Lange tiid wie de taksonomyske yndieling fan slymnjoggeneagen kontroversjeel. De strideraasje draaide derom oft slymnjoggeneagen fisken wiene dy't oarspronklik wol in wringe hân hiene, mar dêr't dy bonke neitiid wer fuortevoluëarre wie, of oft se in primitivere foarm fan seedieren fertsjintwurdigen, dy't noch nea in wringe ûntwikkele hiene. Resint DNA-ûndersyk ûnderstipet sterk de earste teory, en liket dizze kwestje foargoed besljochte te hawwen. Slymnjoggeneagen wurde no frij algemien beskôge as kaakleaze fisken dy't it naust besibbe binne oan 'e njoggeneagen en sibben (Petromyzontida of Hyperoartia). Njoggeneagen hawwe wól in wringe, mar by de slymnjoggeneagen is de wringe weiwurden, wat har ta de iennichste groep "wringedieren" makket dy't eins net oan dy namme foldocht. Sadwaande wurdt soms wol foarsteld om 'e wringedieren om te neamen ta plassedieren (Craniata), wat in bettere namme is. De term "wringedieren" (Vertebrata) is lykwols sa ynboargere, dat dat yn 't foar al in ferlerne striid liket te wêzen.

 
In Atlantyske slymnjoggeneach (Myxine glutinosa).

Slymnjoggeneagen ûntjoegen har sa'n 300 miljoen jier lyn, en de libbene soarten fan no ferskille mar amperoan fan 'e fossilen dy't út dy tiid fûn binne. It binne kâldbloedige, iel-foarmige bisten mei in sturt dy't se as peddel brûke en in keale hûd sûnder skobben dy't har los om it liif hinget. Har plasse is fan kreakbien en har tosken binne fan keratine. Se hawwe in rûne, kaakleaze bek mei in kreakbiennen plaat dêr't twa pear tosken op sitte. De toskeplaat kin yn en út beweegd wurde, sadat slymnjoggeneagen der har fretten mei gripe en dat nei har kiel ta bringe kinne. Yn har spiisfertarringsstelsel ûntbrekt in as sadanich identifisearbere mage. Se libje op en deunby de seeboaiem, dêr't se benammen seewjirms frette. Dêrnjonken folje se har menu gauris oan mei ies of sels libben fleis fan bisten dy't soms hûnderten kearen grutter binne as sysels. Slymnjoggeneagen steane derom bekend dat se har proai yn sokke gefallen faak fan binnenút opfrette.

Op it mêd fan 'e fuortplanting fine sawol befruchting as ûntwikkeling bûten it lichem fan 'e âlden plak. Der bestiet by slymnjoggeneagen gjin âlderlike soarch. Har namme hawwe dizze fisken te tankjen oan it slym dat se ôfskiede as se har bedrige fiele, út sa'n hûndert klieren dy't har yn in rige oer de fangen rinne. As in slymnjoggeneach bygelyks by de sturt beetholden wurdt, dan kin er in hoemannichte klibjend en sjelei-eftich slym ôfskiede dat útset oant wol 20 liter as it mei wetter yn oanrekking komt. As se dêrmei net loskomme, dan lizze harsels yn in knoop, wêrby't se dy knoop fan kop oant sturt oer har liif hinne gliidzje litte en dêrby net inkeld it slym, mar ek de gryp fan har fijân fan har ôfskraabje. Nettsjinsteande har ôfwearzige oansjen en libbenswize, dy't makket dat fiskers dizze bisten ornaris gewurde litte, wurdt ien soarte, de Japanske slymnjoggeneach (Eptatretus burgeri), yn Koreä beskôge as in delikatesse. Net inkeld wurde de fisken sels iten, mar se wurde libben fongen en derta oanset om safolle mooglik slym te produsearjen, dat yn 'e Koreaanske koken yn beskate gerjochten it plak ynnimt dat aaiwyt yn 'e Westerske koken hat.

Klassifikaasje

bewurkje seksje
  • klasse slymnjoggeneagen (Myxini of Hyperotreti)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.