Shakopee Mdewakanton Yndianereservaat
It Shakopee Mdewakanton Yndianereservaat (Ingelsk: Shakopee Mdewakanton Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip (Shakopee Mdewakanton Dakota Community) yn 'e Amerikaanske steat Minnesota.
Shakopee Mdewakanton Yndianereservaat Shakopee Mdewakanton Indian Reservation | ||
In strjitte yn it sintrum fan Shakopee, bûten it eigentlike reservaat. | ||
polityk | ||
haadplak | Prior Lake (Minnesota) | |
stamme | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Minnesota | |
sifers | ||
ynwenners | 658 (2010) | |
oerflak | 8,1 km² | |
bef.tichth. | 81,2 / km² | |
oar | ||
stifting | 1886 | |
tiidsône | UTC-6 | |
simmertiid | UTC-5 | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Minnesota. Shakopee is werjûn yn read. |
Geografy en demografy
bewurkje seksjeIt reservaat leit yn it suden fan 'e steat, yn Scott County, súdwestlik fan twillingstêden Minneapolis en Sint-Paul. Feitliks leit it binnen de beboude kom fan 'e stêden Prior Lake, dêr't it haadkertier fan 'e stamme fêstige is, en Shakopee, dat neamd is nei trije achttjinde- en njoggentjinde-iuwske opperhaden fan 'e stamme dy't allegearre fan Šakpe (útspr.: ['ʃakpe]) hieten. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wennen der doe 658 minsken yn it reservaat, dat in oerflak hat fan mar in goede 8 km².
Skiednis
bewurkje seksjeIt Shakopee Mdewakanton Reservaat waard yn 1886 oprjochte foar it restant fan 'e Mdewakanton, in stamme fan 'e Eastlike Dakota, dat yn 'e omkriten fan Scott County oerbleaun wie nei de deportaasjes nei it westen ta dy't folge wiene op 'e bloedige Dakota-Oarloch fan 1862. Yn 't earstoan wie dat reservaat mar 1 km² grut, en fral de earste trijefearns iuw hong it bestean yn it reservaat fan krapte en earmoede oaninoar.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe ekonomyske sitewaasje begûn lykwols te feroarjen yn 1982, doe't de Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip yn syn reservaat, dat bûten it Minnesotaanske steatsferbod op gokken falt, in eigen bingohal oanlizze liet, de Little Six Bingo (šakpe is nammentlik Eastlik Dakota foar "seis"). Meitiid groeide de bingohal út ta in wier kasino (it Little Six Casino), en yn 1992 boude de stamme nòch in kasino, it Mystic Lake Casino Hotel. Dêr streamt it jild mar binnen, en hjoed de dei hawwe de SMDM en syn beide kasino's mei-inoar 4.200 wurknimmers, en binne se de grutste wurkjouwer fan Scott County.
Njonken gokpaleizen hat de stamme ek yn oare dingen ynvestearre, lykas in eigen winkelsintrum, in terrein mei opslachboksen, in keunstiisbaan, in fitness-sintrum, in wetterbottelderij, in golfbaan en in miljeufreonlike recyclingfasiliteit. Fierders docht de SMDM in protte oan goeddiedichheid: yn 'e tweintich jier tusken 1992 en 2013 joegen se krapoan $272 miljoen oan goede doelen, wêrûnder $29 miljoen allinnich al yn 2012. Teffens fungearret de SMDM foar oare Amerikaanske stammen as in soarte fan bankier; sa hat men foar $61 miljoen dollar útstean by de Red Lake Naasje fan noardlik Minnesota.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |