Oerisel (Nederlânsk: Overijssel) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat 1.189.079 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en in oerflak fan 3.421 km².

Oerisel
     
folksliet: Aan de Rand van Hollands Gouwen
polityk
lân Nederlân
status provinsje
oprjochting 1814
offisjele taal Nederlânsk
haadstêd Swol
tal gemeenten 25
kommissaris fan
   de kening
Andries Heidema
  (KristenUny)
geografy
geograf. koördinaten 52°50' NB 6°08' EL
oerflak 3.420,74 km² (2015)
  •  dêrfan lân 3.316,52 km²
  •  dêrfan wetter 104,22 km²
  rang provinsjes 4e fan 12
demografy
ynwennertal 1.189.0791
  teldatum 1 jannewaris 2024
  rang provinsjes 6e fan 12
befolkingstichtens 357 / km²
grutste plak Ynskedee
religy (2015) 42,2% ateïsten en agnosten
26,1% protestanten
23,3% roomsk-katoliken
2,9% moslims
5,6% oaren
oar
NUTS NL21
ISO 3166-2 NL-OV
tiidsône MET (UTC+1)
simmertiid MEST (UTC+2)
offisjele webside
www.overijssel.nl
1) boarne: CBS-StatLine
Oerisel (2019)

Oerisel is in provinsje yn it easten fan Nederlân. Oerisel leit tusken Gelderlân yn it suden en súdwesten, Flevolân yn it westen, Fryslân en Drinte yn it noarden en yn it easten Dútslân. De haadstêd is Swol. De grutste stêd is Ynskedee. Njonken Nederlânsk wurde yn Oerisel Nedersaksyske dialekten sprutsen.

De provinsje bestiet út trije kulturele en geografyske regio's: de Kop fan Oerisel, Sallân en Twinte. Yn it noardeasten fan de provinsje bepale polders en marren it lânskip. De Weerribben en Sallânske Heuvelrêch binne nasjonale parken.It lânskip fan Sallân wurdt bepaalt troch de Isel en de Iseldelling (dêr't in soad buorke wurdt) yn it westen en de Sâllanske Heuvelrêch mei útrinders lykas de Lemelerberch yn it easten. Yn Twinte lizze de hegere sângrûnen mei út en troch lytse streamkes dy't troch it lânskip hinne snije. It heechste punt fan Oerisel leit is de Tankenberch mei 85,1 m.

De rivier de Isel foarmet yn it súdwesten de natuerlike grins mei Gelderlân. Oerisel grinzet yn it noarden oan Drinte, yn it noardeasten oan de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn it súdeasten oan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen, yn it suden en súdwesten oan de provinsje Gelderlân, yn it uterste westen oan Flevolân en yn it noardwesten oan Fryslân. Besuden de grins mei de Noardeastpolder yn Flevolân grinzet Oerisel in pear kilometer oan de Swartemar.

De âldste bewenning fan Oerisel is nei alle gedachten net âlder as it begjin fan de jiertelling. Dat wie dan nog fral yn Twinte om't de legere parten te sompich wienen om dêr wenje te kinnen. Mei it opkommen fan bettere ôfwetteringtechnyk yn de 7e iuw waard de bewenning fan rest fan Oerisel mooglik. Doe't de Karolingen hjir oankamen wennen hjir Saksen.

Oerisel waard tafoege oan it ryk fan Karel de Grutte, en letter troch Hindrik III fan Dútslân oan de biskoppen fan Utert (stift) yn lien dien as it Oerstift. Mar dit lien hat, oant it mei alle wrâldske macht fan Utert yn 1528 nei Karel V oergong, nea sûnder problemen west.

Troch hiel de Tachtichjierrige Oarloch wie Oerisel part fan it striidfjild, en doe't dy foarby wie kamen yn 1665 en 1672 de ynfallen fan Múnster.

Yn de Frânske tiid waard Oerisel fan 1798 oant 1801 part fan it Departemint fan de Alde Isel; dêrnei wie it in selsstannich departemint, mar it hie oant 1805 al it lânskip Drinte derby. Yn 1814 waard it in provinsje fan it Keninkryk fan de Nederlannen. Earst yn de 19e iuw soargen lânoanmakkerij en yndustrialisaasje foar in ferbettering fan de libbensomstannichheden.

Yn 1950 waard Urk tafoege oan Oerisel, en yn 1962 waard de Noardeastpolder "tydlik" in gemeente fan Oerisel. Yn 1986 waarden beide part fan de nije provinsje Flevolân.

Untwikkeling ynwennertal

bewurkje seksje
  • 1850 – 216.000
  • 1900 – 336.000
  • 1960 – 771.000
  • 1980 – 1.018.000
  • 2000 – 1.078.000
  • 2020 – 1.162.000
  • 2023 – 1.184.000

Sûnt 1 jannewaris 2005 hat Oerisel de neikommende 25 gemeenten:

 
  1. Almelo
  2. Borne
  3. Dalfsen
  4. Dinkellân
  5. Dimter
  6. Ynskedee
  7. Haaksbergen
  8. Hardenberg
  9. Hellendoorn
  10. Hengelo
  11. Hof van Twente
  12. Kampen
  13. Losser
  1. Oldenseal
  2. Olst-Wijhe
  3. Ommen
  4. Raalte
  5. Rijssen-Holten
  6. Staphorst
  7. Stienwikerlân
  8. Tubbergen
  9. Twinterâne
  10. Wierden
  11. Swartewetterlân
  12. Swol (haadstêd)

Eardere gemeenten

bewurkje seksje

Sûnt de weryndieling fan 2001 binne de neikommende gemeenten ferdwûn:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Oerisel
 
Flagge fan de provinsje Oerisel
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden
  ·   ·  
  Provinsjes fan Nederlân  
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
  ·   ·