De Weerribben
De Weerribben is in 35 km² grut natoergebiet yn de gemeente Steenwijkerland yn it noardwesten fan de provinsje Oerisel. It foarmet ûnderdiel fan it Nasjonaal Park Weerribben-Wieden en is foar it grutste part eigendom fan Steatsboskbehear.
It nasjonale park De Weerribben waard oarspronklik ynsteld yn 1992. Op 17 jannewaris 2007 (definityf yn jannewaris 2009) waard it park útwreide mei it kwa natoer fergelykbere gebiet De Wieden oan de súdkant. De Wieden is foar it meastepart yn hannen fan de Feriening Natuermonuminten. It Nasjonaal Park Weerribben-Wieden is hast 100 km² grut. Tegearre foarmje se ien fan de wichtichste moerasgebieten fan Europa.
Lizzing
bewurkje seksjeMidden yn it natoergebiet lizze de doarpen Kalenberg en Ossenzijl, dy't lange tiid meast fan de reidtylt libben, en de buorskip Hoogeweg. Oan de rânen fan de Weerribben lizze Wetering, Scheerwolde, Blankenham, Muggenbeet en it doarp Nederland. Kalenberg, Ossenzijl, Wetering en Nederland wiene fanâlds fardoarpen.
Nei it noarden ta slute de Weerribben (hast) oan by de Lindefallei en de leechfeanmoerassen fan de Rottige Meente, Brandemar en Aldlemmer yn de gemeente Weststellingwerf. Nei it suden ta slute de Weerribben oan by de leechfeanmoerassen yn de Wieden, dy't har op harren beurt wer fuortsette yn de Olde Maten by Staphorst. Nei it westen, by Blankenham leit in gerspolder mei in âlde seedyk op de oergong nei de Noardeastpolder.