Hjeldei

(Trochferwiisd fan Feestdei)

In hjeldei is in dei dy't neffens de tradysje of de wet beskôge wurdt as oars as oare dagen. Faak binne de minsken op sa'n dei frij fan har wurk en de bern frij fan skoalle. Hjeldagen binne ornaris bedoeld om it ien of oar te fieren (in feestdei) of te betinken (in tinkdei).

Fan âlds is it sa dat hjeldagen faak in bân mei it kristendom hawwe; it wurdt "hjeldei" is nammers in gearlûking fan it Aldfryske hêligdei, "hillige dei", en komt as sadanich oerien mei it Ingelske holiday (fan it Aldingelske hāliġdæġ). Yn it Hylperske dialekt (haligedei) is de oarsprong fan it wurd noch goed werom te kennen. Tsjintwurdich hawwe hjeldagen harren religieuze lading fierhinne ferlern, en wurde se benammen brûkt foar famyljebesite, rekreaasje en ûnthasting.

It Frysk hat ferskate siswizen mei it wurd "hjeldei" deryn:

  • "hjeldei meitsje" wol sizze dat men ophâldt mei wurkjen;
  • "hjeldagen meitsje" betsjut dat men stikken oerslacht by it fervjen;
  • "yn 'e hjeldagen wêze" wol sizze dat men yn 'e krystdagen of yn it peaske- of pinksterwykein sit.

Men kin ek gearstallings mei it wurd "hjeldei" meitsje, lykas "krysthjeldei" of "hjelhimelfeartsdei". In "hjeljûn" is de jûnsrêst as it wurk fan 'e dei derop sit.

Hjeldagen yn Nederlân

bewurkje seksje

Yn Nederlân kinne de folgjende dagen oantsjut wurde as hjeldei:

Yn Nederlân binne der gjin wetlike regels oer de fraach op hokker hjeldagen oft wurknimmers ferplichte frij krije moatte. Dat is nammentlik regele yn 'e kollektive arbeidsoerienkomsten. De measte minsken hawwe alle algemien erkende hjeldagen frij behalven Goedfreed en Befrijingsdei. By in protte wurkjouwers is Befrijingsdei noch altyd ien kear yn 'e fiif jier in frije dei, in tastân dy't weromgiet op 'e sitewaasje fan foàr 1990, doe't Befrijingsdei offisjeel inkeld yn lustrumjierren in nasjonale hjeldei wie. Wat de salariëarring oanbelanget binne algemien erkende hjeldagen ornaris lyksteld mei sneinen. As men dan op sa'n dei al wurkje moat, kriget men dan ek de sneinstaslach op it lean ta.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.