Pinkster

(Trochferwiisd fan Pinkstersnein)

Pinkster (fan it Grykske Πεντεκοστη, Pentekostè) is in kristlike hjeldei dêr't de útstoarting fan de Hillige Geast op betocht wurdt en dêr't it begjin fan de kristlike tsjerke op fierd wurdt. It eigentlike Pinksterfeest wurdt yn it Frysk ornaris oantsjutten as Pinkstersnein.

Pinkster ôfbylde troch Giotto (Padûa).

Joadske oarspong

bewurkje seksje

De oarsprong fan Pinkster leit yn de Mozayske wetten dy't destiids oan it folk Israel jûn wiene nei harren eksodus út Egypte. Yn it bibelboek Leviticus (haadstik 23:15-22) stiet dat op de fyfstichste dei, op de dei nei de sânde sabbat fan Pesach ôf (of Pascha, it feest dêr't de úttocht by betocht wurdt) nije offers foar God brocht wurde moasten, as in soarte ôfsluting fan Pesach. It feest waard ek wol it 'wikefeest' neamd (Deuteronomium 16:10). Der moasten 'earstelingen' fan de nôtrisping en it fee offere wurde. Ek moast der in gearkomste hâlden wurden, en nimmen mocht syn normale wurk dwaan. Letter soe it wikefeest 'pinkster' neamd wurde, nei it Gryske wurd foar 'fyftichste'.

Kristlike betsjutting

bewurkje seksje

By it kristlike pinksterfeest wurdt betocht dat de Hillige Geast, God yn syn trêde ferskiningsfoarm, út de himmel wei op de apostels delkommen is en him op ierde iepenbiere as fjoer en fiele as de wyn.

Nei de krusiging en dea fan Jezus op Goedfreed en syn ferrizenis op Peaske hawwe syn learlingen noch fjirtich dagen lang stipe hân fan syn oanwêzigens. Op de fjirtichste dei fan Peaske waarden de learlingen troch Jezus syn himelfeart allinnich efterlitten. Neffens de Hannelingen fan de Apostels seid er dêrby lykwols ta dat er de Hillige Geest stjoere sil, dy't harren geastlik fierder helpe en de krêft jaan soe om te tsjûgjen fan it evangeelje.

Neffens itselde bibelboek (Hannelingen) giene de learlingen dêrnei werom nei Jeruzalim, dêr't sy byinoar kamen om mei-inoar te bidden en om yn it plak fan Judas Iskariot (dy't Jezus ferret hie) in nije apostel te kiezen. Op Pinkster kaam de Hillige Geast op harren del en ynspirearre harren om it evangeelje te ferkundigjen. Hannelingen seit dêroer dat "lkenien harren praten hearde yn de eigen taal", wat faak útlein wurdt as soene de learlingen ynienen alle talen kenne fan 'e oanwêzige taharkers.

Om't Pinkster persiis op de fyftichste dei nei Peaske falt (dus krekt sân sneinen letter dan Peaske), falt Pinkster alle jierren op in oare dei. Dat komt trochdat de datum fan Peaske ek alle jierren ferskoot. Peaske falt nammentlik yn it Westersk kristendom op in snein tusken 22 maart en 25 april (mei dy beide data ynbegrepen), binnen in wike nei folle moanne. Sadwaande kin Pinkster op syn betiidst falle op 10 maaie (50 dagen nei 22 maart) en op syn letst op 9 juny (50 dagen nei 25 april).

It eigentlike Pinksterfeest (fierd op snein) wurdt yn it Frysk ornaris oantsjutten as Pinkstersnein. De freed en sneon foarôfgeande oan Pinkster wurde ynformeel wol Pinksterfreed en Pinkstersneon neamd. Nei Pinkstersnein folget noch Pinkstermoandei, dat yn Nederlân in offisjele frije dei is.

  • It sprekwurd "as Peaske en Pinkster op ien dei falle" betsjut "nea", want om't Pinkster 50 dagen nei Peaske falt, komt soks nea foar.
  • Op Pinkstersnein wurdt yn Fryslân de Autopedalvestêdetocht holden.