Carol Berg (Fort Worth (Teksas), 1948), is in Amerikaansk skriuwster fan fantasyboeken. Hja wennet yn 'e steat Kolorado en wie foarhinne wurksum as softwarespesjalist. Berg wûn yn 2009 de Mythopoeic Award foar har duology Flesh and Spirit en Breath and Bone, en hat fierders ek al trijeris de Colorado Book Award takend krigen.

Carol Berg
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carol Berg
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1948
berteplak Fort Worth (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
Rai-Kirah-trilogy
Song of the Beast
Lighthouse-duët
útjouwer Roc Books
Orbit Books
prizen 3x Colorado Book Award
Mythopoeic Award 2009
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
textcrumbs.blogspot.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Berg stammet út in famylje fan ûnderwizers, muzikanten en spoararbeiders, en waard yn 1948 berne yn Fort Worth, yn 'e steat Teksas. Se koe goed meikomme op skoalle, en hie as bern al in protte nocht oan lêzen. Sa makke se har de klassiken eigen (Jane Austen, Dorothy Sayers, Charles Dickens, ensfh.), mar ek detektiveromans, skrillers, histoaryske romans, fantasy, science fiction en westerns. Under ynfloed fan it wurk fan û.o. Robert A. Heinlein rekke se sa yn 'e besnijing fan it Amerikaanske romtefeartprogramma, dat se har nei it ôfrûnjen fan 'e middelbere skoalle ynskriuwe liet oan 'e Rice Universiteit te Houston, mei as doel om in karriêre yn 'e wittenskip en technology te begjinnen. Se studearre ôf mei in bachelorstitel yn wiskunde.

Neitiid stie Berg ferskate jierren as leararesse oan 'e middelbere skoalle. Se mette en troude mei Pete Berg, in yngenieur, en ferfear mei him nei Kolorado. Uteinlik joech se har baan op om harren trije soannen grut te bringen, mar dêrnjonken joech se yn dyselde tiid ek foarljochtingskursussen oer swierwêzen, wûn se in twadde bachelorstitel yn kompjûterwittenskippen oan 'e Universiteit fan Kolorado, en wie se fierders drok mei kampearjen, kuierjen, hurdfytsen en lêzen. Doe't de jonges grutternôch wiene om harsels te rêden, fûn Berg wurk as softwarespesjalist by de Hewlett-Packard Company, en in pear jier letter krige in freondinne har safier dat se úteinsette mei it skriuwen fan fiksje. Dat wie foar har in hobby dy't meitiid alhiel út 'e hân rûn. Har wurkjouwer wie tige begripfol doe't se almar mear tiid foar har skriuwen brek wie, en yn 1999 ferkocht se trije fantasyromans oan 'e útjouwerij Roc Books, dy't noch altyd Berg har fêste útjouwer is.

Har earste boek, Transformation, kaam út yn 2000, en beskriuwt it lot fan Seyonne, in tsjoender waans lytse freedsume lân ferovere is troch it ymperialistyske Derzhi-ryk, en dy't sels mei de rest fan syn folk ta slaaf makke is. Syn libben feroaret op 'e nij folslein as er op in slavemerk kocht wurdt troch Aleksander, de kroanprins fan it Derzhi-ryk. It docht bliken dat dyselde ûngemurken bedrige wurdt troch in skriklike tsjoenderij, mar Seyonne kin mar dreech oer syn hate foar syn arrogante fijân hinne stappe om him te rêden. Hy soe der syn eigen libben mei riskearje, mar kin der syn siel mei weromwinne. Transformation wie it earste diel fan 'e Rai-Kirah-trilogy, dy't fierder gie mei Revelation (2001) en einige mei Restoration (2002). Transformation waard nominearre foar ferskate prizen, en mei de ferkeap gie it sa foar de wyn, dat Berg yn 2002 har baan by Hewlett-Packard deroan joech om har foltiids ta te lizzen op har skriuwwurk.

Mei de op himsels steande roman The Song of the Beast wûn Berg yn 2003 de earste fan yn totaal trije Colorado Book Awards. Yn 2004 en 2005 publisearre Berg de fjouwerdielige Bridge of D'Arnath-rige, folge troch it Lighthouse-duët, besteande út 'e romans Flesh and Spirit (2007) en Breath and Bone (2008), dêr't se in Mythopoeic Award foar krige. Sûnt 2010 hat Berg fierders de trije boeken fan 'e Collegia Magica-rige en de twa dielen fan it Sanctuary-duët skreaun.

romans
  • de Rai-Kirah-trilogy
    • 2000 – Transformation
    • 2001 – Revelation
    • 2002 – Restoration
  • 2003 – Song of the Beast
  • de Bridge of D'Arnath-rige
    • 2004 – Son of Avonar
    • 2004 – Guardians of the Keep
    • 2005 – The Soul Weaver
    • 2005 – Daughter of Ancients
  • it Lighthouse-duët
    • 2007 – Flesh and Spirit
    • 2008 – Breath and Bone
  • de Collegia Magica-rige
    • 2010 – The Spirit Lens
    • 2011 – The Soul Mirror
    • 2012 – The Daemon Prism
  • it Sanctuary-duët (spilet yn deselde wrâld as it Lighthouse-duët)
    • 2014 – Dust and Light
    • 2015 – Ash and Silver (komt út yn desimber)
koarte ferhalen
  • 2007 – Unmasking (yn 'e blomlêzing Elemental Magic)

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2000 Barnes & Noble Maiden Voyage Award nominearre bêste earste roman Transformation
2001 Compton Crook Award nominearre bêste Ingelsktalich romandebút Transformation
2002 Romantic Times Reviewers' Choice Award nominearre bêste epyske fantasy Restoration
2003 Colorado Book Award wûn bêste sjenrefiksje Song of the Beast
2005 Geffen Award wûn bêste oersette fantasy Transformation
2006 RWA-FFP Prism Award nominearre bêste romantyske fantasy Daughter of Ancients
Colorado Book Award nominearre bêste sjenrefiksje Daughter of Ancients
2008 Colorado Book Award nominearre bêste sjenrefiksje Flesh and Spirit
2009 Colorado Book Award wûn bêste sjenrefiksje Breath and Bone
Mythopoeic Award wûn bêste literatuer foar folwoeksenen it Lighthouse-duët
2010 Colorado Book Award nominearre bêste sjenrefiksje The Spirit Lens
2011 Colorado Book Award wûn bêste sjenrefiksje The Soul Mirror

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.