Repúbliká ng̃ Pilipinas
Flagge fan Filipinen Wapen fan Filipinen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Filipinen
Offisjele taal Filipynsk, Ingelsk
Haadstêd Manilla
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
300.176 km²
0,6­%
Ynwenners (2020) 109.035.343 (336/km²)
Munt Filipynske peso (PHP)
Tiidsône UTC +8
Nasjonale feestdei 12 juny
Lânkoade PHI
Ynternet .ph
Tillefoan 63

De Filipinen is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Manilla en de presidint fan de republyk is Rodrigo Duterte sûnt 30 juny 2016.

De Filipinen wurdt begrinzge troch:

 
De Sûkelarjebergen yn Bohol

De Filipinen binne in arsjipel dy't bestiet út 7.107 eilannen. Fan de eilannen hawwe 4000 in namme en binne 1000 bewenne. De grutste twa binne Luzon en Mindanao; dizze beide foarmje sa'n twatredde fan it totale oerflak, wat 300.000 km² is. De haadstêd Manilla leit op Luzon.

De eilannen beslaan it noardeastlike part fan de Maleizyske arsjipel. De meast bercheftige eilannen wurde faak teistere troch ierdskoddings en fulkaanútbarstings. Yn it meastentiids fochtige klimaat bedijt in tropysk reinwâld, dat troch kealslach plak makke hat foar savannen.

De haadstêd Manilla en de prachtige natuer lutsen in soad toeristen nei de regio.

Yn de prehistoarje tusken sa. 1500 f.Kr. en 500 f.Kr. ymmigrearren Australide folken út it suden nei de Filipinen, folge troch Maleizyske stammen út Súdeast-Aazje. Om-ende-by 250 f.Kr. arrivearren de Mongoalen en noch letter tusken 900 en 1200 troch Sinezen út Súd-Annam.

Yn 1521 sette foar it earst Jeropeanen foet oan wâl (in Spaanske ekspedysje ûnder lieding fan Magallaan). De Spanjerts fersloegen de sultaan fan Manila yn 1571 wêrtroch de Filipinen yn Spaanske hannen foel. Spanje moast yn 1898 de arsjipel ôfstean oan de Feriene Steaten. Under it bewâld fan de Feriene Steaten bruts der in politike striid út foar ûnôfhinklikheid (1899-1902). By oerienkomst waard yn 1935 de Commonwealth of the Filippines yn it libben roppen, mei Manuel Quezon as earste presidint; nei in oergongstiid fan tsien jier soe fansels selsstannigens folge. Yn de Twadde Wrâldkriich fan 1941 oant 1944 stienen de Filipinen ûnder Japanese besetting. Yn 1946 ûntstie de ûnôfhinklike republyk.

Neffens de folkstelling yn 2007 hie de Filipinen goed 87,5 miljoen ynwenners en dêrmei stie it lân op tolfde plak fan de list mei lannen mei de measte ynwenners. Yn 2010 wie it ynwennertal al 92.337.852. Fan de befolking wennet sa'n twatredde op de twa grutste eilannen Luzon en Mindanao.

 
Basilika Minore del Santo Nino yn Cebu City

De Filipinen hat iuwenlang ûnder Spaansk bewâld west. Dy jierrenlange oanwêzigens komt noch hieltyd sterk ta útdrukking yn it grutte persintaazje katoliken ûnder de befolking. Goed 83 prosint fan is Roomsk-Katolyk. Noch ris 3 prosint makket diel út fan in ôfspitsing fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, de ûnôfhinklike âldkatolike Independent Church of the Philippines. Moslims foarmje sa'n 5 prosint fan de befolking en wenje benammen op it súdlike eilân Mindanao en de Sulu-eilannen. De Protestanten foarmje lang om let sa'n 6 prosint fan de befolking. De protestantske mienskippen binne ûntstien troch it wurk fan Amerikaanske sindelingen yn it begjin fan de 20e iuw. De oare 3 prosint is boedistysk (benammen de Sineeske minderheid) of leaut net.

Op Mindanao en de Sulu-eilannen wurdt geregeldwei striid levere tusken it Filipynske leger en moslimseparatisten.

Yn totaal wurde op de Filipinen 172 ynheemske talen en dialekten sprutsen, dy't allegearre by Austronesyske taalfamylje hearre. Oare talen dy't der sprutsen wurde binne ûnder oaren Ingelsk, Sineesk (Mandarynsk en Hokkineesk) en Spaansk, de lêste mei de lokale kreolentaal Sjavakano.

Sûnt 1939 befoardert de oerheid om nasjonale ienheid te fergrutsjen it gebrûk fan de offisjele taal, it Filipynsk, dat grûnet is op it Tagaloch. It Filipynsk wurdt op alle skoallen les jûn en wurdt tsjintwurdich folle mear akseptearre, fral as twadde taal en ienheidstaal troch de tige mingde befolking. It Ingelsk wurdt as twadde offisjele taal beskôge, en in protte brûkt troch de oerheid, yn it ûnderwiis en de handel.

Regionale yndieling

bewurkje seksje
Regio Koade Haadplak
Noardwest-Luzon Regio I San Fernando City, La Union
Cagayan Valley Regio II Tuguegarao City, Cagayan
Midden-Luzon Regio III City of San Fernando, Pampanga
Calabarzon Regio IV-A Calamba City, Laguna
Mimaro Regio IV-B Calapan City, Eastlik Mindoro
Bicol Regio V Legazpi City, Albay
West.Visayas Regio VI Iloilo City
Midden-Visayas Regio VII Cebu City
East-Visayas Regio VIII Tacloban City, Leyte
Zamboanga-skiereilân Regio IX Pagadian City, Zamboanga del Sur
Noard-Mindanao Regio X Cagayan de Oro City
Davao Regio XI Davao City
Soccsksargen Regio XII Koronadal City, Súd-Cotabato
Caraga Regio XIII Butuan City
Autonome Regio in Islamitysk Mindanao ARMM Cotabato City
Cordillera CAR Baguio City
Manila NCR Manila