Springe nei ynhâld

Willem George Frederik Jansen

Ut Wikipedy
Willem George Frederik Jansen
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem George Frederik Jansen
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 25 desimber 1871
berteplak Harns
stoarn 21 juny 1949
stjerplak Haarlim
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder
streaming ympresjonisme
medium û.o. oaljeferve op doek
jierren aktyf ± 18861949

Willem George Frederik Jansen (Harns, 25 desimber 1871 - Haarlim, 21 juny 1949) wie in Frysk keunstskilder.

Willem Jansen waard berne yn Harns en folge in oplieding foar masinist en wurke by it spoar yn Tilburch. Letter studearre er oan de keunstnijverheidsskoalle yn Haarlim en wurke as dekoraasjeskilder yn Amsterdam. Hy makke as dekoraasjeskilder ek souderskilderingen in Ljouwert. Hy hat dêrnei wurke by ferskate ierdewurkfabriken. Hy hat foar syn wurk in soad prizen krige. Yn 1898 boaske hy mei Hillegonda Zijlstra en wenne tusken 1903 en 1908 yn De Haach en Amsterdam (nei 1906). Yn 1908 sette er him ta wensjen yn Blaricum.
It wetter is op in soad fan syn ympresjonistyske wurken te sjen. Hy skildere ek in soad lânskippen mei kij en hynders, stedsgesichten en strângesichten mei skulpefiskers, alles yn de styl fan de Haachske Skoalle.

Wurk fan him is te sjen yn it Suderseemuseum, it Harnzer Ierdewurkmuseum en yn it Singermuseum yn Laren.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

H.P. Ter Avest: W.G.F. Jansen 1871 - 1949 : schilder van de losse toets. Swol, Waanders, 2010. ISBN 9789040077050

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Willem George Frederik Jansen fan Wikimedia Commons.