Westgroßefehn
Westgroßefehn (Eastfrysk Plat: Westgrō'fēn[1]) is in doarp yn de Dútske gemeente Großefehn yn de dielsteat Leechsaksen. It doarp ûntstie as feankoloanje yn it begjin fan de santjinde iuw en is de âldste feankoloanje fan East-Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1633 ferliende graaf Ulrik II fan East-Fryslân oan fjouwer keaplju út de stêd Emden konsesjes om it fean te ûntginnen neffens Nederlânsk foarbyld. Yn de 18e iuw waard in sintraal plak yn it doarp ophege, sadat it ek yn tiid fan oerstreamingen drûch bleau. Op it saneamde Eiland waard in lytse skipswerf boud, dêr't û.o. tsjalken makke waarden, en in tal oare ambachtlike bedriuwen; yn it pleatslike museum op it 'eilân' is dêr mear ynformaasje oer te finen. Sûnt 1972 is it ûnderdiel fan de gemeente Großefehn.
Bysûnderheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It karakteristike feanlânskip is yn Westgroßefehn noch goed te sjen. De doarpskearn leit noch hieltyd oan it sintrale kanaal. Oan it kanaal stiet in wynmûne dy't tsjin 'e ein fan de 19e iuw boud is.
Yn it Fehnmuseum Eiland is in âldheidskeamer en teekeamer. Yn 'e teekeamer kinne toeristen in saneamde teeseremoanje erfare. Op it hiem fan it feanmuseum is in lyts ferskaat oan histoarysk ark te finen.
De âlde doarpsskoalle waard yn 1999 in weefmuseum. It museum wurdt troch de feriening „De Weevstuv e.V“ en der wurde regelmjittich workshops hâlden.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Westgroßefehn fan Wikimedia Commons. |
- Beskriuwing fan Westgroßefehn yn de histoaryske doarpsdatabank fan de Ostfriesischen Landschaft
- Fehnmuseum Eiland
- Weefmuseum De Weevstuv e.V.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |