West Side Story (film út 1961)
West Side Story | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Robert Wise Jerome Robbins | |
produsint | Robert Wise | |
útfierend produsint |
Walter Mirisch | |
senario | Ernest Lehman | |
basearre op | de musical fan Jerome Robbins | |
kamerarezjy | Daniel L. Fapp | |
muzyk | Leonard Bernstein (meldijen) Stephen Sondheim (lietteksten) | |
filmstudio | The Mirisch Company Seven Arts Productions | |
distribúsje | United Artists | |
spilers | ||
haadrollen | Richard Beymer Natalie Wood | |
byrollen | Rita Moreno Russ Tamblyn George Chakiris Elliot Feld | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 18 oktober 1961 | |
foarm | langspylfilmmusical | |
sjenre | romantyske dramafilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Spaansk) | |
spyltiid | 152 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $6.750.000 | |
opbringst | $44,1 miljoen | |
prizen | 11 × Oscar 3 × Golden Globe 1 × Grammy Award |
West Side Story is in Amerikaanske romantyske filmmusical út 1961 ûnder rezjy fan Robert Wise en Jerome Robbins, mei yn 'e haadrollen Richard Beymer en Natalie Wood. De titel betsjut "West Side-ferhaal" of "Ferhaal út 'e West Side", en ferwiist nei de Upper West Side fan Manhattan, in wyk yn New York. De film is basearre op 'e toanielmusical mei deselde namme út 1957, dat wer in moderne adaptaasje wie fan it klassike, let-sechstjinde-iuwske toanielstik Romeo en Julia, fan William Shakespeare.
It ferhaal giet oer twa strjitbindes dy't om 'e macht stride yn harren stikje fan 'e Upper West Side: de Jets, besteande út blanke jonges, en de Sharks, dy't opmakke is út Portorikanen. Druk fan 'e plysje om in ein oan 'e fjochterij te meitsjen wurket averjochts en liedt ta in grutte konfrontaasje. Underwilens reitsje Tony, in earder lid fan 'e Jets, en María, de jongere suster fan 'e oanfierder fan 'e Sharks, smoarfereale opinoar.
West Side Story krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wie kommersjeel sa'n súkses dat it de meast opbringende film fan it jier waard. It wurdt algemien beskôge as ien fan 'e bêste filmmusicals aller tiden. De film wûn 11 Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), 3 Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Musical) en in Grammy. Yn 1997 waard West Side Story selektearre foar preservearring yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. Steven Spielberg regissearre yn 2021 in remake dy't ek West Side Story kaam te hjitten.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in lytse buert yn 'e Upper West Side fan Manhattan, yn 'e stêd New York, fjochtsje mids 1950-er jierren twa strjitbindes om 'e hearskippij: de Jets en de Sharks. De Jets binne in kloft dy't opmakke is út blanken en oanfierd wurdt troch Griff, wylst de Sharks besteane út Portorikanen mei as lieder Bernardo. As der wer ris slaanderij útbrekt tusken de beide bindes, helje ynspekteur Schrank en brigadier Krupke de jonges útinoar. Schrank hâldt harren foar dat dit de lêste kear west hawwe moat, oars sil er derfoar soargje dat it hiele soadsje it tichthús yn draaid. Griff en de Jets beslute dêrop om Bernardo en de Sharks út te daagjen en lit de striid om 'e hearskippij oer de buert besljochtsje troch noch ien grut gefjocht. Se prate ôf om dy útdaging oer te bringen op it dûnsfeest dat dyselde jûns yn it gymlokaal fan 'e pleatslike middelbere skoalle holden wurde sil.
Riff wol foar de grutte fjochtpartij syn bêste freon Tony, dy't mei him de Jets oprjochte hat, der wer by helje. Tony is de strjitbinde ûnderwilens ûntgroeid en hat no in baan fûn by de pleatslike snobbersguodwinkel fan Doc. As Riff Tony opsiket en meifreget nei it dûnsfeest, wol Tony dêr earst net hinne. Hy fertelt Riff dat er de lêste wiken it gefoel hat dat him wat wichtichs stiet te barren, en dat er dêr klear foar wêze wol. Riff suggerearret dat soks mooglik op it dûnsfeest barre kinne soe. Nei't er dêr noch in skoftke op ompraat hat, wit er Tony oer te heljen om mei. Underwilens fertelt María, de jongere suster fan Bernardo, oan har bêste freondinne en Bernardo syn faam, Anita, hoe opwinend se it fynt om foar it earst mei te gean nei in dûnsfeest. María is fersein oan Chino, ien fan 'e Sharks, mar se bekent oan Anita dat se gjin gefoelens foar de jonge hat.
Op it dûnsfeest, dat ûnder lieding stiet fan 'e goedmienende, mar yneffektive sosjaal wurker Glad Hand, wegerje de leden fan 'e beide bindes en harren fammen om mei-inoar te dûnsjen. Tony arrivearret fan syn wurk as it feest al geande is. Hy en María sjogge inoar en it is foar allebeide leafde op it earste gesicht. As Tony lykwols mei María begjint te dûnsjen, skuort Bernardo har by him wei en easket lulk dat Tony by syn suster wei bliuwt. Wylst Tony allinnich noch mar each hat foar María en syn leafde fan 'e dakken skreaut, nimt Bernardo de útdaging fan Riff oan. Beide partijen prate ôf om by midsnacht gear te kommen yn 'e snobbersguodwinkel fan Doc om neiere plannen te meitsjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Om't Tony dúdlik belangstelling foar har hat, stjoert de oerbeskermjende Bernardo María nei hûs, dêr't se har lot beklaget foar Anita oer, dy't mei har sympatisearret. Tony slûpt by de brântrep fan it flatgebou op dêr't Bernardo en María mei harren âldelju wenje. María glûpt nei bûten ta en fiert mei him in petear wêryn't beiden harren leafde foarinoar ferklearje. Om midsnacht komme de Jets en de Sharks gear yn 'e snobbersguodwinkel fan Doc, dêr't se diskusjearje oer de regels fan 'e oankommende fjochtpartij. It is Tony dy't derfoar soarget dat it in twagefjocht fan ien Jet tsjin ien Shark wurdt, wêrby't inkeld de bleate fûsten brûkt wurde meie. It gefjocht sil de oare deis holden wurde ûnder it fiadukt dêr't de autosnelwei oerhinne giet. As ynspekteur Schrank yn 'e snobbersguodwinkel arrivearret, beare de leden fan 'e beide bindes dat se harren rivaliteit efter har litten hawwe en dat se no de bêste freonen binne. Schrank leaut der neat fan en hjit de Sharks yn diskriminearjende bewurdings om op te sokkebaljen. Dêrnei ûnderstiet er de Jets oer wat der geande is, mar dy wegerje allegear en lit ek mar ien wurd los.
De oare deis, yn 'e breidswinkel dêr't se allebeide wurkje, blaft Anita der yn in petear mei María by fersin út dat der in grutte fjochtpartij tusken de Jets en de Sharks op til is. Anita sit dêr net sa oer yn mei't de bindes altyd oan it fjochtsjen binne, mar María hat it der net op stean. As Tony by it sluten fan 'e winkel delkomt troch de efterdoar, sa't María him hjitten hie, sjocht Anita him tafallich. Hja is skokt dat María it mei in blanke Amerikaan oanlizze wol, en noch wol in Jet. Se warskôget har foar de gefolgen as Bernardo efter har relaasje mei Tony komt. María ûntfytmannet Anita lykwols in ûnthjit dat sý it net oan Bernardo útbringe sil. Nei't Anita ôfset is en María mei Tony allinnich yn 'e winkel efterbliuwt, lit se him ûnthjitte dat er de fjochtpartij tsjinhâlde sil. Dêrnei fantasearje se tegearre oer harren brulloft.
De Jets en de Sharks komme letter dy jûns ûnder it fiadukt gear. Hoewol't ôfsprutsen is dat inkeld Bernardo en Riff syn plakferfanger Ice fjochtsje sille, hawwe de leden fan beide bindes har yn 't foar bewapene mei messen, kneppels en oar wapenreau foar it gefal dàt. Tony arrivearret as it gefjocht útein sil en besiket it tsjin te hâlden. Bernardo, dy't him net lije mei om't er it foarfal mei syn suster op it dûnsfeest noch net fergetten is, ferget Tony op alderhanne manearen, oant er him op in hier nei safier kriget dat er mei him op 'e fûst giet. As Tony him lykwols behearsket en de hún fan Bernardo fan him ôfglydzje lit, springt Riff foar syn maat op 'e bres. Om 'e fernedering fan Tony te wreitsjen begjint er in messegefjocht mei Bernardo. It ûnophâldlike besykjen fan Tony, dy't troch twa oare Jets fêstholden wurdt, om it near te lizzen op it gefjocht, liedt sawol Riff as Bernardo ôf, mei as gefolch dat Bernardo Riff op in stuit delstekt, eat dat Riff fansels net woe, mar Bernardo likemin. Der brekt dan in algemiene slaanderij út. Tony, dy't troch alles hinne breinroer rekket as er Riff dea lizzen sjocht, pakt Riff syn mês en stekt dêrmei Bernardo del foar't er wer ta himsels komt en feralterearre beseft wat er dien hat. As it lûd fan sirenes en en it ljocht fan swaailjochten de komst fan 'e plysje oankundigje, pike alle oanwêzigen út, wêrby't se de liken fan Riff en Bernardo efterlitte.
Underwilens wachtet María op it plat dak fan har flatgebou op Tony. Mar it is Chino dy't as earste by har komt en har it nijs fan 'e moard op har broer trochdocht en wa't foar dy skandedie ferantwurdlik is. As er út har reäksje opmakket dat se fereale is op Tony, wurdt Chino poerrazen en set er daliks wer ôf. Koarte tiid letter komt Tony by María yn it appartemint fan har âldelju dy't foar de jûn fuort binne. Hy bychtet op wat er dien hat en smeekt har om ferjeffenis foar't er himsels by de plysje oanjaan sil. María ferjout him yndie, mar wol net dat er him oanjout. Ynstee freget se him om by har te bliuwen. Se begjinne te fantasearjen dat se tegearre in plak fine kinne dêr't se foar ivich byinoar bliuwe kinne. Lang om let reitsje se mei-inoar op bêd.
Ice hat ûnderwilens it liederskip oer de Jets oernommen en hjit de oare leden fan 'e binde om harren foar de plysje oer goed te hâlden en te bearen dat se gjin idee hawwe wat him ûnder it fiadukt ôfspile hat. Anybodys, in jongeseftich fanke dat bittere graach by de Jets hearre wol mar dêr net talitten wurdt, komt mei it nijs dat Chino in pistoal bemachtige hat en fan doel is om Tony dea te sjitten. Ice stjoert dêrop de Jets alle kanten út om Tony te sykjen, sadat se him warskôgje kinne.
It nijs fan Bernardo syn dea hat wilens ek Anita berikt. Se bejout har nei it appartemint fan Bernardo-en-dy ta om María op te sykjen, dêr't se sjocht hoe't Tony troch it finster útpykt as sy der binnenkomt. Se is lulk op María, mar dy wit har te bepraten troch har foar te hâlden dat leafde blyn is. María en Tony hawwe fuort letter ôfpraat by de snobbersguodwinkel fan Doc, om tegearre út te naaien, mar ynspekteur Schrank arrivearret en wol María ûnderfreegje. María freget Anita yn bedutsen bewurdings om yn har plak nei de winkel te gean en Tony te fertellen dat se letter komt, in taak dy't Anita mei tsjinnichheid op har nimt.
Underwilens hawwe de Jets Tony fûn yn 'e kelder fan 'e snobbersguodwinkel. Se hâlde de winkel beset om foar te kommen dat Chino him berikke kin. As Anita arrivearret, sjogge de Jets har as in fijân en begjinne se har lestich te fallen. Dat rint sa út 'e hân dat it fanke seksueel oantaast wurdt. Inkeld it yngripen fan Doc, dy't boppe wie om jild op te heljen dêr't Tony en María earne oars in nij begjin fan bekostigje kinne, komt in ferkrêfting foar. Anita is dan sa lulk dat se de Jets taskreaut dat María deasketten is troch Chino en dat Tony har nea weromsjen sil. Nei't Doc de Jets derút jage hat, giet er nei de kelder, dêr't er Tony it jild jout en teffens it minne nijs oer María har dea.
Alhiel telider slein draaft Tony de strjitte op, dêr't er om Chino begjint te razen, dat dy him ek deasjitte kin. Yn 'e boarterstún moetet sakket Tony yninoar en falt op 'e grûn del. Hy stjert yn har earms, wylst de tahastige Jets en Sharks tasjogge. De bindeleden wolle fannijs mei-inoar op 'e fûst, mar María keart dat tsjin troch it pistoal fan Chino te gripen en te driigjen harren allegear dea te sjitten, mei't harren hate de reden is dat de leafde fan har libben dea is. Schrank en Krupke arrivearje, mar María hjit harren om Tony net oan te reitsjen. In stikmannich Jets pakke Tony fan 'e grûn op, en as se him net hâlde kinne, sjitte inkele Sharks harren te help. De bindeleden foarmje in lykprekaasje mei María efteroan. As se út it sicht weiwurden binne, arrestearje Schrank en Krupke de efterbleaune Chino en liede him fuort.
Musicalnûmers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Tony | Richard Beymer sjongen: Jimmy Bryant |
María | Natalie Wood sjongen: Marni Nixon |
- byrollen
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]West Side Story waard makke nei in senario fan Ernest Lehman, basearre op 'e toanielmusical West Side Story, dy't yn 1957 mei grut súkses op Broadway iepene wie. Foar de ferfilming naam útfierend produsint Walter Mirisch, dy't it projekt foar de filmstudio's The Mirisch Company en Seven Arts Productions oanpakte, Jerome Robbins yn 'e earm, dy't de toanielmusical regissearre en goreografearre hie. Om't Robbins gjin inkele ûnderfining hie mei it meitsjen fan films, waard Robert Wise ynhierd as filmprodusint en ko-regisseur. It wie de bedoeling dat Robbins de muzikale yntermezzo's regissearje soe, wylst Wise him om 'e oare, dramatyske sênes bekroadzje soe. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Daniel L. Fapp, en de muzyk, oernommen út 'e toanielmusical, wie fan Leonard Bernstein (meldijen) en Stephen Sondheim (lietteksten).
Robbins spandearre in protte tiid oan rippetysjes op 'e filmset, retakes fan al opnommen materiaal en diskusjes mei Wise oer fan alles en noch wat. Nei 45 dagen leine de opnamen 24 dagen efter op skema. Mei't de film yn 't foar al oer syn budget hinne gien wie en úteinlik $6.750.000 kostje soe, besleat Mirisch om Robbins dien te jaan. De restearjende sang- en dûnsnûmers waarden regissearre troch Wise mei de help fan Robbins syn assistinten. Wise hold lykwols kontakt mei Robbins, mei wa't er geregeldwei de fuortgong fan 'e produksje bespriek. Hy naam in protte fan 'e suggestjes oer, dy't Robbins him oan 'e hân die. Ek fûn er dat Robbins syn ynbring sa grut west hie, dat er nettsjinsteande syn ûntslach dochs as regisseur op 'e ôftiteling fernijd wurde moast.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadrol fan Tony yn West Side Story waard oanbean oan Elvis Presley, mar dy syn manager, kolonel Tom Parker, sloech dat foarstel ôf. Oare akteurs dy't foar de rol yn omtinken nommen waarden, wiene û.o. Russ Tamblyn, Warren Beatty, Burt Reynolds, Richard Chamberlain en Robert Redford. Reynolds waard te rûch fûn en Chamberlain te âld. Tamblyn makke wol yndruk op Wise, mar waard net gaadlik fûn foar de rol fan Tony; ynstee waard him dêrom de wichtichste manlike byrol fan Riff oanbean. Uteinlik krige Richard Beymer de rol fan Tony.
Robbins woe foar de rol fan María de aktrise Carol Lawrence hawwe, dy't deselde rol ek fan it begjin ôf oan yn 'e toanielmusical op Broadway spile hie. Mar hja wie tsjin 1961 29 jier en waard troch Wise en Mirisch as te âld beskôge. Ferskate oare aktrises passearren de revu, ûnder wa Jill St. John, Audrey Hepburn, Diane Baker, Elizabeth Ashley, Suzanne Pleshette en Angela Dorian, mar net ien foldie alhiel. Natalie Wood wie op dat stuit drok mei de opnamen fan Splendor in the Grass mei Warren Beatty, mei wa't se bûten it wurk om ek in romantyske relaasje ûnderhold. Sy wie net ien fan 'e aktrises dy't troch de produsinten foar de rol fan María yn omtinken nommen wiene. Doe't Beatty by wize fan audysje foar de rol fan Tony in sêne út Splendor in the Grass ynstjoerde, besleaten de produsinten dat hy foar dy rol net geskikt wie. Mar harren each foel op Wood, de tsjinspylster fan Beatty yn 'e ynstjoerde sêne, dy't se perfekt fûnen foar de rol fan María.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]West Side Story waard foar it meastepart opnommen yn 'e soundstages fan 'e Samuel Goldwyn Studio yn West Hollywood, yn Kalifornje. Dêr fûnen de rippetysjes ek plak. De sênes fan it orkestrale stik Prologue en it liet Jet Song, wêryn't de Jets en de Sharks oan it publyk foarsteld wurde, waarden op lokaasje yn New York opnommen, yn in boarterstún oan East 110th Street (no Tito Puente Way), tusken de ôfslaggen fan 2nd Avenue en 3rd Avenue, en oan West 68th Street, tusken de ôfslaggen fan West End Avenue en Amsterdam Avenue.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan West Side Story waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 18 oktober 1961 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige West Side Story oer it algemien tige loovjende resinsjes. Sa neamde Bosley Crowther de film yn The New York Times "neat minder as in sinematysk masterwurk". Yn it tydskrift Variety skreau Whitney Williams: "Technysk is [West Side Story] aldertreflikst; it gebrûk fan kleur is tûzelsinnich meitsjend, it kamerawurk is gauris opwinend, de filmmontaazje fluch mei in dramatyske impact, it produksje-ûntwerp fangt de stimming sawol as de aksje sels." Yn The Hollywood Reporter waard West Side Story omskreaun as "in geweldige show, in mylpeal op it mêd fan filmmusicals, in kaskreaker. [De film] is sa goed dat superlativen oerstallich binne."
In ôfwikende noat waard op it aljemint brocht troch Pauline Kael yn it blêd The New Yorker, dy't West Side Story omskreau as "dwylsinnige flauwekul". Ek fûn se de dialooch "pynlik âlderwetsk en sentiminteel" en it dûnsjen "in spytgnyskjend, syklik romantysk ballet". Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie it dêr yn in retrospektyf artikel yn 2004 net mei iens. Hy fûn it dûnsjen "opmerklik" en skreau dat "ferskate lieten" klassikers wurden wiene en dat der "mominten binne fan krêft en wierheid om kjel fan te wurden." Mar dêrnjonken beneamde er ferskate swakke punten yn 'e film: it drama dat net heal sa op it rântsje wie as de goreografy; de haadrollen dy't it net hellen by de byrol fan Rita Moreno as Anita; de bindes dy't eins neat foarstelden en de ein wêryn't de film winliken as in nachtkjers útgie. As dat oars west hie, sa skreau Ebert "wa wit wat dan it resultaat west hie."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat West Side Story in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 108 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Opheft troch de tûzelsinnich meitsjende rezjy fan Robert Wise, de filmmuzyk fan Leonard Bernstein en de lietteksten fan Stephen Sondheim bliuwt West Side Story miskien noch altyd wol de meast ikoanyske fan alle Shakespeare-adaptaasjes dy't op it wite doek fertoand is." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet West Side Story in goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 17 resinsjes.
Yn 1997 waard West Side Story troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]West Side Story brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $19,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $24,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $44,1 miljoen (omrekkene yn jild fan 2020: $382 miljoen). Ofset tsjin it budget fan $6.750.000 betsjut dat in winst fan $37,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie West Side Story de meast opbringende film fan 1961. It bleau de meast opbringende filmmusical aller tiden oant The Sound of Music yn 1965 útkaam.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1962 waard West Side Story by de Oscars nominearre foar prizen yn 11 kategoryen. Behalven foar bêste adaptearre senario wûn de film alle (10) Oscars: bêste film, bêste regisseur (Robert Wise en Jerome Robbins), bêste byrol fan in akteur (George Chakiris), bêste byrol fan in aktrise (Rita Moreno), bêste kamerarezjy yn in kleurefilm (Daniel L. Fapp), bêste filmmontaazje (Thomas Stanford), bêste soundtrack fan in filmmusical (Saul Chaplin Johnny Green, Irwin Kostal en Sid Ramin), bêste lûdsmixing (Fred Hynes en Gordon E. Sawyer), bêste artdirection yn in kleurefilm (Boris Leven en Victor A. Gagelin) en bêste kostúmûntwerp yn in kleurefilm (Irene Sharaff). Dêropta wûn Jerome Robbins dat jier ek noch in eare-Oscar foar syn hiele oeuvre.
By de Golden Globes waard West Side Story yn 1962 nominearre foar 6 prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur yn in musical of komeedzje (Richard Beymer) en meast ferrassende nijynkommeling (2 kear: Richard Beymer en George Chakiris). De film wûn 3 Golden Globes: foar bêste film – musical, bêste byrol fan in akteur (George Chakiris) en bêste byrol fan in aktrise (Rita Moreno). De film wûn ek de Grammy Award foar bêste soundtrackalbum of opname fan 'e orizjinele cast fan in film of tillefyzjesearje. Om utens waard West Side Story nominearre foar de BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis, foar bêste film.
Remake
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2021 kaam fan West Side Story in by de tiid brochte remake út dy't ek West Side Story hiet, makke troch regisseur en filmprodusint Steven Spielberg. De haadrolen waarden dêryn spile troch Ansel Elgort (Tony), Rachel Zegler (María) en Ariana DeBose (Anita). Rita Moreno, dy't de rol fan Anita yn 'e oarspronklike film spile hie, kearde werom as in nij personaazje: Valentina, de widdo fan Doc, dy't it plak fan Doc yn it ferhaal ynnaam.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske filmmusical
- Amerikaanske romantyske dramafilm
- Amerikaanske dûnsfilm
- Amerikaanske jeugdfilm
- Romantyske jeugdfilm
- Ingelsktalige film
- Film fan The Mirisch Corporation
- Film fan United Artists
- Film fan Robert Wise
- Film út 1961
- Film oer rasisme
- Film oer ras of etnisiteit
- Film oer seksisme
- Film oer in binde
- Film oer in ûnmooglike leafde
- Film oer in ynterrasiale leafdesrelaasje
- Film oer bruorren en susters
- Film oer freonskip
- Film basearre op in musical
- Film basearre op Romeo en Julia
- Winner fan de Oscar foar Bêste Film
- Winner fan de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje