Springe nei ynhâld

Telefyzjekrityk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tillefyzjekrityk)

Telefyzjekrityk of tillefyzjekrityk is it skriuwen oer of besprekken fan telefyzjeprogramma's mei it doel om dêrfan de bedoeling, de wearde en oare aspekten te evaluëarjen en eventueel te bekritisearjen. Immen dy't beropsmjittich telefyzjekrityk jout is in telefyzjekritikus.

Telefyzjekrityk wurdt publisearre yn algemiene kranten en tydskriften; om't telefyzje sa tagonklik is foar hast alle minsken, befetsje de measte kranten eltse dei in koart telefyzje-oersjoch. Dat giet gauris mank mei telefyzjekrityk, al is it mar dat der in beskaat programma oanret wurdt út it totale oanbod. Dêrnjonken binne der spesjalisearre útjeften, lykas boeken en fakblêden, en teffens besteane der telefyzjeprogramma's en radioprogramma's dy't oan sokke krityk wijd binne en praatprogramma's op 'e telefyzje en de radio dy't der út en troch in segmint oan wije.

Telefyzjekrityk is in manear om ynformaasje yn te winnen en oer te dragen oer telefyzjeprogramma's. Der bestiet sa'n grut ferskaat dat sjoggers der oars suver yn omkomme soene. Foarhinne wie it fanwegen it episoadyske karakter fan telefyzjeprogramma's foar telefyzjekritisy faak dreech om in gaadlik platfoarm foar harren artikels te finen: as harren krityk publisearre waard, wie der alwer in folgjende ôflevering fan it programma op 'e telefyzje. Sûnt de opkomst fan it ynternet is dat makliker, mei't kritisy no frijwol fuortendaliks harren mienings oer in programma op in blôch of in oare webside sette kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.