Springe nei ynhâld

Stasjon Goor

Ut Wikipedy
Stasjon Goor
station Goor
Stasjon Delden yn 2018
Stasjon Delden yn 2018
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Hôf fan Twinte
plak Goor
adres Stationslaan 3
arsjitektuer
stasjonskoade Go
type Trochgongsstasjon
iepening 1 novimber 1865
boujier 1863
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
monumintale status Gemeentlik monumint
monumintnûmer 1735/WN053
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline D
1.688
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Goor (Oerisel)
Stasjon Goor

Stasjon Goor (Go) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Goor (gemeente Hôf fan Twinte) yn de provinsje Oerisel. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fjirde klasse en is ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de sân stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.

It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 1 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek it spoar fan Steatsline D oanlein wie. Yn 1904 is oan de rjochterkant in fleugel oanboud. It stasjon leit hjoeddedei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Keolis. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as museum.

Op 1 maaie 1910 waard de spoar fan Neede nei Hellendoorn iepene foar reizgers. Dizze spoarline krúste de Steatsline D, mar hie in aparte ferbiningsbôge út it suden wei nei stasjon Goor. Even benoarden dizze spoarkrusing wie stasjon Goor West boud. Stasjon Goor hie dêrom nei 1 july 1920 de namme Station Goor Súd. Oant 15 maaie 1935 hold it dy namme, mar doe't it spoar fan Neede nei Hellendoorn sletten waard op 15 jannewaris 1935, krige it de âlde namme werom.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 24
31200
Stoptrein (Keolis) SutfenGoorHengeloOldenzaal In healoeretsjinst

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: