Springe nei ynhâld

Sao Tomee en Prinsipe

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sao Tomee en Prinsyp)
República Democrática de São Tomé e Principe
Flagge fan Sao Tomee en Prinsipe Wapen fan Sao Tomee en Prinsipe
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sao Tomee en Prinsipe
Offisjele taal Portugeesk
Haadstêd São Tomé
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
1.001 km²
-­%
Ynwenners (2012) 178.739
Munt Dobra (STD)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 12 july
Lânkoade STP
Ynternet .st
Tillefoan 239

Sao Tomee en Prinsipe is in eilânnaasje yn de Golf fan Guinee, westlik fan de ekwatoriale kust fan Afrika. It bestiet út twa eilannen: Sao Tomee en Prinsipe lizze likernôch 140 km út-inoar, en likernôch 250 km út de kust fan Gabon. Beide eilannen binne part fan in âlde fulkaangroep. Sao Tomee, it súdlike eilân, is by de ekwator situearre. It hat de namme krigen fan in Portegeeske wrâldreiziger, dy't it eilân ûntdutsen hat.

Sao Tomee en Prinsipe is it twadde lytste Afrikaanske lân (krekt grutter as de Seysjellen). It is it lytste eilân fan de wrâld, dat net ûnder it regear fan de Feriene Steaten fan Amearika, Grut-Brittanje, of in oar Jeropeesk lân stiet. It is ek it lytste Portegeesk-talige eilân fan de wrâld.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

São Tomee en Prinsipe is ferparte yn twa provinsjes, São Tomee en Prinsipe, en sân distrikten, ien op Prinsipe en seis op São Tomee (haadplakken tusken heakjes):

São Tomee
  1. Agua Grande (São Tomee)
  2. Cantagalo (Santana)
  3. Caué (São João dos Angolares)
  4. Lembá (Neves)
  5. Lobata (Guadalupe)
  6. Mé Zóchi (Trinidade)
Príncipe
  1. Pagué (Santo António)